16 april

800ste Green Key-sertifikaat is foar Grand Café De Dikke van Dale

Jaquelina en Bowien Dijkstra by de útrikking.

Yn Ljouwert is hjoed it 800ste Green Key-sertifikaat fan Nederlân útrikt oan Grand Café De Dikke van Dale – in bysûndere mylpeal foar sawol it bedriuw as de sektor.

It sertifikaat waard útrikt nei’t De Dikke van Dale dielnaam oan in begeliedingstrajekt, fasilitearre troch de Toerisme Alliânsje Fryslân en ynhâldlik begelaat troch GreenLeisure. Yn dit trajekt krigen ûndernimmers praktyske stipe by it trochrinnen fan de ferskate ûnderdielen fan it Green Key-keurmerk.

Green Key is it ynternasjonale keurmerk foar duorsume bedriuwen yn de rekreaasje- en frije tiid-sektor. In bedriuw mei dit sertifikaat lit sjen dat it struktureel wurket oan duorsumens, sûnder dat dêrby ynboeke wurdt op komfort en kwaliteit foar de gast.

De lêste jierren is yn Fryslân in dúdlike stiging te sjen yn it tal sertifisearre bedriuwen: yn fiif jier tiid naam it oantal Green Key-sertifikaten ta mei mear as 30%. Dat makket dat de útrikking fan dit 800ste sertifikaat net allinnich in sukses is foar De Dikke van Dale, mar ek in symboal foar in bredere beweging nei mear duorsume ûndernimmerspraktyk yn ‘e regio.

Bowien Dijkstra fan Grand Café De Dikke van Dale sjocht mei tefredenens werom op it trajekt:
“Wat my it meast fernuvere, wie hoe entûsjast ús team meitocht. Elkenien fûn it moai om hjirmei oan ‘e slach te gean. Dat makket sa’n duorsum trajekt net allinnich weardefol, mar ek echt leuk om te dwaan.”

De Toerisme Alliânsje Fryslân bliuwt ek de kommende jierren ynsette op it ynspirearjen en begelieden fan noch mear Fryske ûndernimmers nei in duorsume takomst.