Kinst keunstmjittige yntelliginsje ynsette yn in brânsj wêr’t persoanlik kontakt fan grut belang is?
De byienkomste ‘AI yn de gastfrijenssektor’, in inisjatyf fan Toerisme Alliantie Friesland, organisearre yn gearwurking mei ferskate organisaasjes, brocht professionals út de sektor by elkoar om te learen oer de bûtengewoane mooglikheden fan Keunstmjittige Yntelliginsje en duorsume ynnovaasjes.
Mei dizze ynspirearjende middei op lokaasje by MICA; de Media Innovatie Campus yn Ljouwert, dielde Keynote sprekker Nancy Rademaker har ekspertize en ynsjoggen oer de ympakt fan AI op de gastfrijenssektor. Dêrnei waarden der ferskate workshops jûn troch eksperts út de sektor. Oan it wurd kamen Jörg Wenzel fan NHL Stenden, Erik Miedema fan MKB Cyber Campus, Rienk de Jong fan Pean en Yodi Vellinga fan Paviljoen SALT.
Aaldert Lemstra en Wouter Hoekman, eksperts op it mêd fan AI by Merk Fryslân, lieten sjen hoe’t AI ta te passen is op marketingaktiviteiten rjochting de toerist. Dielnimmers oan dizze workshop krigen praktyske tapassings te sjen, dy’t it deistich wurk fan har marketingôfdielings stypje kinne. Mei foarbylden út de praktyk toanden se de potinsje en mooglikheden fan AI yn de gastfrijenssektor.
Aaldert Lemstra rôp ûndernimmers op om de mooglikheden fan AI te ûndersykjen troch der gewoan mei út te probearjen. ‘Besjoch mei dyn team yn hokker bedriuwsprosessen AI wearde tafoegje kin of foar mear effisjinsje soarget’, sei Lemstra.
Toerisme Alliantie Friesland hat oankundige in ferfolch jaan te wollen oan dizze workshop, troch gear te wurkjen mei ûnderwiisynstellings, om sa studinten te belûken by it begelieden fan Fryske gastfrijensûndernimmers by de ymplemintaasje fan AI yn har bedriuwen. Dat inisjatyf sil net allinnich de ûndernimmers stypje by har stappen mei AI, mar sil ek studinten weardefolle praktykûnderfining biede yn in ynnovative en groeiende sektor.
Hjir fynst mear ynformaasje oer dizze middei. Bliuw dizze side folgjen foar de meast resinte updates.