AI is hjoed-de-dei oeral, mar in soad ûndernimmers yn de gastfrijenssektor freegje har ôf: wat is it en wat kin it betsjutte foar myn bedriuw? Benammen foar lytsere ûndernimmings kin AI útkomst biede. It automatisearret nammentlik ferskate prosessen, wat makket dat jo as ûndernimmer mear tiid foar jo gasten hawwe. Dêrom binne wy in gearwurking oangien mei MKB Cyber Campus. Mei elkoar biede wy tritich bedriuwen út de sektor de kâns om AI echt te ymplemintearjen.
Bist benijd wat keunstmjittige yntelliginsje foar dyn bedriuw betsjutte kin? Folje dan dizze fergeze scan yn. Nei it ynfoljen krijst in rapport dat oanjout wêr’t dyn bedriuw stiet op it mêd fan AI.
Yn de wike fan 30 septimber oant 4 oktober hawwe wy, yn gearwurking mei MKB Cyber Campus, trainde studinten beskikber dy’t op dyn lokaasje ferskate AI-tapassings ymplemintearje kinne – fansels yn oerlis mei dy. De kosten foar dy service binne € 100, – (ekskl. BTW) foar elk bedriuw.
Wolst gebrûk meitsje fan de ynset fan dizze studinten? Folje dan sa gau mooglik de fergeze scan yn; dat duorret net mear as in pear minuten. Mar tink der om: wa’t it earst yn ‘e roef komt, hat kâns fan plak; wês der dus gau by!
Ynteressearre? Folje de scan yn.
Foar fragen of mear ynformaasje, nim gerêst kontakt mei ús op fia marjansoepboer@taf.frl