26 septimber

Biobased rekreaasjewenten as ynspiraasjeboarne

Tiisdeitejûn 24 septimber waarden der unike ideeën presintearre foar biobased rekreaasjewenten yn Fryslân. Mei in hast folle teäterseal yn Snits wie de belangstelling grut fanút de bou -, gastfrijings – én politike sektor. De positive enerzjy yn de seal befêstiget dat it projekt ‘Sliepe yn’e Takomst’ al in soad yn beweging set hat. Circulair en biobased bouwe stiet folop yn de belangstelling.

Ynspiraasje op dwaan yn de fakânsje

It begûn mei in dream fan trije besiele pioniers yn de gastfrijheidssektor: Gerard Kremer, Marjan Soepboer en Hanneke Schmeink. Dreaun troch harren passy om toerisme en rekreaasje te ferduorsumjen, ûntstie it idee om in folslein biobased rekreaasjewenning te realisearjen. Fakânsje biedt ommers de perfekte gelegenheid om ynspirearre te reitsjen en nije ynsichten op te dwaan, ek op it mêd fan sirkulêr en biobased bouwe.

Unike gearwurking

Mei de ynset fan Toerisme Alliantie Friesland, Vereniging Circulair Friesland, Bouwend Nederland en gemeente Sudwest Fryslân, en ûnder lieding fan eardere waarman en foarfjochter fan biobased bouwe Gerrit Hiemstra, wurken sân teams it ôfrûne healjier oan ynnovative konsepten. Elk team, besteande út in rekreaasjeûndernimmer, arsjitekt en boubedriuw, ûntwikkele in unyk, folslein sirkulêr en biobased konsept.

Sân ûntwerpen

De sân ûntwerpen fariearje fan sûne wenningen mei tûke sinneljochtoplossings en ynsekteyntegraasje oant duorsume feanhuzen en tiny houses op tsjillen. Sa ûntwurp Team Vakantiewoning de Cocon in wenning mei fokus op ljocht en sûnens, wylst Team it Sunhus duorsume wenningen foar in feangebiet betocht. Team NIJ presintearre in natuerfreonlike lodge mei in gersdak en Team Biobeest werbestimde in boerebedriuw foar rekreaasje. Oare teams ûntwikkelen ynnovative reiddutsen eilânwenten (Team Uilenburg), natuerynklusive húskes yn it Fryske marregebiet (Team RAK), en lânskiplike wenten mei himp en flaaks as boumaterialen (Team Vrijheid).

Parten fan kennis

Sûnens, bioferskaat, en enerzjybesparring stiene sintraal yn elk ûntwerp. Wethâlder Bauke Dam fan de gemeente Súdwest-Fryslân en deputearre Friso Douwstra fan de provinsje Fryslân sprutsen harren entûsjasme út oer de presintearre konsepten. Hja hiene de eare om de kennisbank te ûntbleatsjen, dêr’t alle plannen, tekeningen en materiaalkarren frij tagonklik yn binne foar elkenien dy’t ynspiraasje opdwaan wol. Foar alle ynfo oer Sliepe yn’e Takomst: https://circulairfriesland.frl/sliepe-yne-takomst/

De belutsen organisaasjes binne grutsk op alle resultaten. Steven Agricola fan Team Vrijheid is posityf oer de takomst: “ Dit project heeft eerdere ideeën verder gebracht, en de belangstelling is groot. Wy hoopje no op in wiziging yn it bestimmingsplan sadat wy sjen kinne nei werklike realisaasje. “

De oanjagers bliuwe kennis en ynspiraasje dielen. Dit is ít momint om te ûntdekken hoe’t biobased bouwe net allinnich de takomst fan de bousektor, mar ek fan de gastfrijheidssektor feroarje kin.