Sirkulêr OAN! Suksesfol Ofrûne
Mei it projekt Sirkulêr OAN! giene 9 Fryske rekreaasje-ûndernimmers yndividueel en kollektyf op sirkulêre reis oan de hân fan op maat sniene bedriuwsbesites en sintrale byienkomsten. In koart en krêftich maatwurkprogram om ûndernimmers konkreet op gong te helpen.
It projekt is opset as in gearwurking tusken Provinsje Fryslân, TAF, VCF, Merk Fryslân en Circulair Friesland. Opdrachtnimmers binne: Green Leisure Group, Marije Boersma & Marriel Edzes. Ek it dielnimmersfjild hat tige ferskaat fan opset west; yn it ramt fan it projekt besochten wy sawol campings, hotels, B&B, groepsakkommodaasje, restaurant as in sylskoalle.
Hjirby in koart ferslach troch de eagen fan de adviseurs:
Wat hawwe wy dien?
- Nulmjitting by ûndernimmer op lokaasje: wy fregen ûndernimmers it himd fan it liif, mei fragen dy’t û.o. giene oer enerzjy, wetter, mobiliteit, ynkeap, himmeljen, iten en drinken, bioferskaat en kommunikaasje. Dizze nulmjitting waard weromkeppele mei in moaie rapportaazje, dêr’t de skoares foar elk ûnderdiel by yn byld brocht waarden en wêrby’t der ek fuortendaliks oanrikkemedaasjes foar ferbettering dien waarden.
- Mienskiplike gearkomste 1: Mei de klam op yn ‘e kunde komme, in feilige en goede basis foar it ferfolch kreëarje en ynspiraasje opdwaan. Troch de ynset fan ferskate wurkfoarmen en benammen in soad ynteraksje, kamen der fuortendaliks al moaie ferhalen en oprjochte fragen. De ûndernimmers joegen de folgjende gearfetting (yn ien wurd): wizer, ideeën, enerzjyk, mei elkoar, bewustwêzen en in goede start wiene de wurden dy’t ta beslút foelen by dizze earste gearkomste.
- Ferfolch by ûndernimmer op lokaasje en fertale fan rapportaazje nei aksjelist en strategysk ramt: wêr wolle de ûndernimmers oan wurkje de kommende tiid? Wat binne de earste lytse stapkes dêr’t hy/sy no al mei begjinne kin?
- Mienskiplike byienkomste 2: Besprekke aksjelisten en diele fan suksessen en útdagings, wa kin wa mooglik helpe? Mear en better kommunisearje wie foar sawat alle ûndernimmers in tema en dêrom fregen wy Natasja om har ûnderfinings oangeande kommunikaasje te dielen. In hiel ynspirearjende middei!
Wat fûnen de dielnimmers derfan?
No, dêr wiene wy fansels ek hiel benijd nei! Wy sleaten it trajekt ôf mei in enkête en wy krigen in moaie 8 as gemiddeld sifer werom! Dêr binne wy superbliid mei en grutsk op! In soad ûndernimmers soene it trajekt oan oaren oanrikkemandearje en se wiene benammen te sprekken oer de begelieding en de byienkomsten. Inkelde kwotes:
- ‘Moeting mei oare kollega’s en útwikseling fan ideeën en mooglikheden wie hiel weardefol’
- ‘Troch fan oaren te hearren en petearen te fieren learst, dochst ideeën op en witte oare ûndernimmers dy better te finen’
- ‘Ik sjoch no yn dat net alles yn ien kear hoecht, in oertsjûging dy’t ik sels hie.’
- ‘Om’t alle eleminten oanstipt wurde yn de rapportaazje krijst in kompleet byld. Tige sterk wiene foar my de konkrete tips (bedriuwen/systemen, ensfh.) om mei te begjinnen.
Mear ynformaasje oer it projekt Sirkulêr OAN! of nijsgjirrich nei ús aktiviteiten en mooglikheden foar jo provinsje? Nim dan kontakt op fia marco@greenleisure.nl.