Reizgje is hieltyd mear in mjuks fan fysike en digitale ûnderfinings, fan de earste oriïntaasje oant de reviews nei ôfrin. Digitale technologyen lykas AI hawwe in groeiende ympakt op toerisme en rekreaasje, sawol foar de reizger as efter de skermen by de bedriuwsfiering. Yn de digitale transformaasje fan it gastfrijensdomein binne guon gruttere spilers al fierder, mar it is krúsjaal dat elkenien, fan grutte bedriuwen oant lytse ûndernimmers, de kânsen fan digitalisearring benutte kin om foar te kommen dat it oanbod ferearmet.
Folje de digitalisearringsmonitor yn foar 11 oktober!
It Nationaal Bureau voor Toerisme en Congressen (NBTC) docht ûndersyk nei de mjitte fan digitalisearring fan toeristysk-rekreative ûndernimmers en organisaasjes. De fragen geane bygelyks oer digitalisearring op it mêd fan marketing, bedriuwsfiering en data.
Wurkesto of bist wurkjouwer yn ‘e gastfrijenssektor? Nim dan koart de tiid foar it ynfoljen fan de enkête.
NBTC stribbet dernei om de digitale transformaasje fan it gastfrijensdomein te fersnellen. Dat docht NBTC yn ‘e mande mei partners, troch it dielen fan kennis, it stimulearjen fan nije gearwurkingsfoarmen en it stypjen fan benammen it mkb. De fuortgong fan dizze digitale transformaasje folget it NBTC fia in jierlikse digitalisearringsmonitor. Mei in nasjonale, yntegrearre oanpak stimulearret it NBTC kontinue ynnovaasje en duorsume groei en fersterkje wy de konkurrinsjeposysje fan de Nederlânske toeristyske sektor.