27 maart

Dijk van een Wijf: Keunstproject yn it Waadlânskip

Dijk van een wijf is in grutskalich keunstprojekt binnen Sense of Place fan keunstneres Nienke Brokke, dat op it stuit yn ûntwikkeling is. De skulptuer, makke fan lokaal wûn sân en klaai en begroeid mei in miks fan streekseigen krûden, sil in unike tafoeging wêze oan it Waadlânskip. De ferwachte realisaasje fan it projekt is yn oktober 2025.

Sense of Place

Sense of Place is in kulturele ûntwikkelingsorganisaasje dy’t de regio lâns de Waadkust nije libbenskrêft jout troch de unike kwaliteiten fan dit gebiet út te fergrutsjen mei help fan byldzjende keunst- en ûntwerpprojekten. Sense of Place makket de unike wearden fan natuer, lânskip en kultuerhistoarje fan it bysûndere UNESCO Wrâlderfgoed Waadgebiet sichtber foar in breder publyk. De regio krijt hjirmei tagelyk in ekonomyske en sosjaal-maatskiplike ympuls. De keunstprojekten hawwe respekt foar de kultuer en natuer fan it gebiet en fertelle it ferhaal fan de lokaasje en it lânskip.

Dijk van een Wijf

Mei in lingte fan sa’n 65 meter en in hichte fan 8 oant 11 meter foarmet Dijk van een Wijf in krêftich earbetoan oan de natuerlike rykdom en biodiversiteit fan it Waadgebiet. Rûne foarmen en weelderige begroeiïng steane yn skerp kontrast mei it strakke produksjelânskip en de Waaddyk. De mingde beplanting draacht by oan de biodiversiteit, wylst it gebrûk fan lokaal materiaal de ekologyske fuotprint ferminderet. Sa wurdt Dijk van een Wijf net allinnich in fisueel en lânskiplike beaken, mar ek in plak foar refleksje, besinning en bewustwurding oer de needsaaklike transysjes yn ús lânskip.

De begroeiïng fan de skulptuer makket diel út fan in ûndersyksprojekt nei hoe’t diken yn Nederlân duorsumer en biodiverder ynsiedde wurde kinne. Yn gearwurking mei eksperts wurdt ûndersocht hoe’t ynheemse krûden en gerssoarten in positive ynfloed hawwe kinne op it ekosysteem fan de regio.

De bou is úteinset

De bou fan Dijk van een Wijf is offisjeel úteinset. Yn oanrin nei de bou is der yntinsyf praat mei omwenners, dy’t it projekt fan tichtby meimeitsje. Sa’n bouprojekt lit spoaren nei: yn it lânskip, yn petearen en yn ferwachtingen. Goede kommunikaasje bliuwt hjirby essinsjeel. Visit Wadden soarget derfoar dat sawol omwenners as besikers op ’e hichte bliuwe fan de ûntwikkelingen.

Ek de lokaasje foar Dijk van een Wijf is mei soarch keazen: in eardere ôffalstort by Easterbierrum, fuort efter de seedyk. Hjir, op it krúspunt fan de âlde Slachtedyk en de Waaddyk, foarmet it keunstwurk in ferbining tusken oare ikonyske Sense of Place-projekten, lykas Broken Jug (Harns), de Terp fan de Takomst (Blije) en Wachtsje op Heech Wetter (Holwert). Hjirmei wurdt in nije kulturele en toeristyske rûte lâns de Waadkust fersterke.

Benijd nei mear inisjativen fan Sense of Place? Besjoch de webside fia de knop hjirûnder.

Sense of Place