31 july

Earste factsheet Rekreaasjeskip Marrekrite

Mei grutskens presintearret Rekreaasjeskip Marrekrite har allerearste factsheet. Dizze oersichtlike publikaasje jout ynsjoch yn de aktiviteiten en resultaten fan it skyp op it mêd fan kuierjen, fytsen, farren en de Toeristyske Oerstappunten (TOP’s).

De factsheet lit sjen hokker foarsjennings Marrekrite yn 2024 behearde en hokker projekten der útfierd binne. Tink dêrby oan de omfang fan it knooppuntennetwurk, it oantal lisplakken en sifers oer gebrûk en berikberens. It dokumint makket sichtber hoe’t dizze foarsjennings bydrage oan in fit, tagonklik en oantreklik Fryslân – foar sawol ynwenners as besikers.

De rekreative ynfrastruktuer stimulearret minsken om deropút te gean, mei positive effekten op sûnens, wolwêzen én de regionale ekonomy. De factsheet is boppedat te brûken as ferantwurdingsdokumint rjochting bestjoerders en oare belutsenen.

Marrekrite is fan doel dizze factsheet alle jierren te aktualisearjen. Download de factsheet fia de knop hjirûnder. Foar fragen kinst kontakt opnimme mei communicatie@marrekrite.frl.

Factsheet Marrekrite