23 juny

Fryske Gemeenten oanmelde foar in Gastfrij Fryslân

Foar in protte minsken is fakânsje wat fanselssprekkends: efkes op adem komme, nije enerzjy opdwaan, tiid mei-inoar trochbringe. Mar foar tûzenen Fryske húshâldens is dit net it gefal. Yn ús provinsje libbet 12,8% fan de húshâldens mei in ynkommen oant 120% fan it sosjaal minimum – sy moatte faak út need in fakânsje oerslaan. De ynfloed dêrfan op bern en gesinnen is grut.

Om hjir feroaring yn te bringen, hawwe ANWB, HISWA-RECRON, Keninklike Horeka Nederlân (KHN), Merk Fryslân, de provinsje Fryslân en de Toerisme Alliânsje Fryslân (TAF) de hannen yninoar slein. Tidens in súksesfolle byienkomst op 9 april yn de Kanselarij yn Ljouwert, mei mear as 70 dielnimmers, is de ôftraap jûn foar it programma ‘Gastfrij Fryslân foar elke ynkommensgroep’. It doel: fan 2026 ôf moat der yn elke Fryske gemeente in passend fakânsje-oanbod wêze foar gesinnen mei in lytse beurs.

Trije konkrete mooglikheden foar gemeenten en ûndernimmers

As inisjatyfnimmers biede wy de Fryske gemeenten trije opsjes om mei oan de slach te gean:

  1. De Buertkamping
    In tydlik opsette kamping yn ’e wyk, organisearre foar en troch buertbewenners, ek foar minsken mei in lytse beurs. In ynformative byienkomst/webinar hjirfoar folget gau.
  2. De Fakânsjebank
    Dizze organisaasje biedt al 14 jier fakânsjes oan foar gesinnen dy’t dit sels net betelje kinne.
  3. Stipe fan ûndernimmersinisjativen
    Gemeenten wurde oproppen om yn petear te gean mei horeka- en rekreaasjeûndernimmers binnen harren gemeente. Undernimmers kinne oanslute by besteande ynisjativen of sels in nij idee ûntwikkelje. TAF biedt stipe by it organisearjen fan in ynspiraasjebyienkomst.

Doch mei: oanmelding sa gau mooglik

Gemeenten dy’t ynteresse hawwe om mei te dwaan, wurde frege har sa gau mooglik, it leafst foar freed 27 juny, te melden by TAF fia info@taf.frl. Dêrnei wurde de opfolgjende stappen ôfstimd.

Klik foar mear ynformaasje op de ûndersteande knop:

Weromsjoch 09 april