Toeristen wurdearje harren besite oan Fryslân mei in 8,7. De Fryske ynwenners skoare sels heger mei in 9,2. Dit binne in pear foarbylden fan nijsgjirrige resultaten út it sa krekt ferskynde Continu Bezoekersonderzoek Fryslân 2024. Alle resultaten binne no maklik te sjen op gastvrijheidsmonitor.frl of yn ien eachopslach op de factsheet: Factsheet CBO Fryslân 2024
It Continu Bezoekersonderzoek Fryslân jout ek ynsjoch yn hoe’t besikers ferskate lokaasjes lykas hotels, campings, eveneminten, hoareka en natuergebieten wurdearje. Derneist wurdt sjoen hoe’t besikers harren oriïntearje op in besite oan Fryslân, hoe lang se bliuwe en wat harren libbensstyl is.
Sûnt de simmer fan 2023 is it Continu Bezoekersonderzoek Fryslân fan start gien. It ûndersyk rjochtet him op wa’t de provinsje besykje (sawol ynwenners as toeristen), wat se dogge en hoe’t se harren besite belibje. Op mear as 100 lokaasjes yn Fryslân hawwe besikers al antwurd jûn op sa’n tweintich fragen fia in digitale enkête.
De ynsichten út dit ûndersyk helpe oerheden, ûndernimmers en organisaasjes dy’t harren dwaande hâlde mei de duorsume ûntwikkeling fan de gastfrijheidssektor. Sa kin bepaald wurde wat goed giet en wêr’t ferbetterpunten lizze.
It Continu Bezoekersonderzoek Fryslân is ta stân kaam troch in gearwurking fan Planbureau Fryslân, Data Fryslân, NHL Stenden/ETFI en Merk Fryslân.