06 desimber

Goed besochte Iepen Museum Moanne 2024

Goed besochte Iepen Museum Moanne ynspirearret ta mear museumbezoeken

No’t de Iepen Museum Moanne 2024 offisjeel ôfrûn is, kin der weromsjoen wurde op in suksesfolle edysje. Yn totaal hawwe mear as 30.000 toeristen en ynwenners de kâns brûkt om de dielnimmende musea yn Súdwest- en Zuidoost-Fryslân te ûntdekken. Ekstra moai is dat in grut part fan de besikers oanjout faker in museum te besykjen.

“De Iepen Museum Moanne wie wer in fantastyske wize om sjen te litten hoe ryk ús regio is oan kultuer,” reagearret Floriaan Zwart fan VVV Waterland fan Fryslân op it súkses. “It enoarme entûsjasme fan de besikers lit sjen dat ús musea écht witte te ynspirearjen.” Foarôfgeand en ûnder de Iepen Museum Moanne 2024 hat VVV Waterland fan Fryslân in besikersûndersyk dien om mear ynsjoch te krijen yn it gedrach en de winsken fan de besikers. “De resultaten binne foar ús tige wichtich,” seit Floriaan. “Wy wolle begripe wat besikers motivearret om nei in museum te kommen, of wat harren mooglik tsjinhâldt. Ek wolle wy witte oft minsken fan doel binne nochris werom te kommen, of oare musea te besykjen.” It besikersûndersyk rint troch oant en mei de hjerst fan 2025.

Kultuerbelibbing sichtber stimulearre
De earste resultaten fan it besikersûndersyk litte al sjen dat in grut tal besikers troch de edysje fan ferline jier ynspirearre is om mear musea te ûntdekken. Troch de Iepen Museum Moanne fan dit jier ferwachtet mar leafst 53 persint fan de respondinten faker in museum te besykjen. “Dat is in prachtich resultaat,” seit Floriaan. “Dat slút krekt oan by ús doelstelling om de kultuerbelibbing yn dizze twa regio’s te stimulearjen.”

Ut de resultaten docht fierder bliken dat it grutste part fan de besikers troch de fergese tagong nei de musea lutsen wurdt. Ek oanbefellings fia sosjale media, famylje, buorlju en kunde, en spesjale rûtes lâns musea wiene in wichtige reden om te kommen. As de Iepen Museum Moanne in jierlikse tradysje wurdt, jouwe de measten oan graach mear musea te besykjen. Hoe dan ek stiet in museumbezoek mear op it netflues. It grutste part fan de besikers is nei harren besite entûsjaster wurden oer it kulturele erfguod fan Fryslân.

Gearwurking oan promoasje fan musea
De njoggentjin musea dy’t dit jier harren doarren fergees iepene, lutsen net allinnich ynwenners, mar ek in soad toeristen. Besikers hiene de mooglikheid om ûnbeheind musea te besykjen troch weardebonnen te downloaden, yn te foljen en yn te leverjen. Under de moanne wiene der ek spesjale aktiviteiten; fan workshops oant unike tentoanstellingen. Dy makken it museumbezoek ekstra oantreklik. Sa wie de ferkenningstocht fan it Afsluitdijk Wadden Center en de natoerkuier troch it Nasjonaal Lânskip Súdwest Fryslân hiel populêr. Museum Hindeloopen organisearre in rige jûnsbesites ûnder it tema ‘Night at the Museum’, dat in soad positive reaksjes oplevere. De Iepen Museum Moanne 2024 waard organisearre yn gearwurking mei Toerisme Regiomarketing Zuidoost Fryslân. De gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf, de Toerisme Alliânsje Fryslân (TAF), it Undernimmersfûns Súdwest-Fryslân, it Platfoarm Gastfrij Smellingerlân, it Mondriaanfûns en Visit Friesland stipen it evenemint.

Bysûndere besikersoantallen
Troch de Iepen Museum Moanne hiene ferskate dielnimmende musea dit jier te krijen mei bysûndere besikersoantallen. By Museum Dr8888 yn Drachten wie dat foar in part te tankjen oan it festival ‘Ljocht op Drachten’, dat ekstra in soad besikers luts. Museum Hindeloopen, dat grutsk renovearre is, die it ek hiel goed. It Woudagemaal yn Lemmer, dat wer op stoom gie, wie likegoed in grutte publykslûker. De nije dielnimmende musea yn de regio, lykas it Nasjonaal Flechtmuseum yn Noardwâlde, hiene ek in protte nije besikers. “Wy krigen 150 besikers yn ien wykein. Dat wie foar ús echt in nij rekord,” sei Bianca Veldhuizen fan it Flechtmuseum.

Besikers út de buert
Museum Hearrenfean koe rekkenje op 225 besikers yn ien wykein. Under harren wiene in soad minsken út Hearrenfean dy’t it museum foar it earst besochten. “It wie bysûnder om te sjen dat foaral ynwenners út de direkte omkriten lâns kamen,” sei Linda Palil fan Museum Hearrenfean. “In protte minsken hawwe ús museum foar it earst besocht. It is moai dat wy no harren ynteresse wekker makke hawwe. Ik hoopje dat se sa entûsjast wurden binne dat se faak weromkomme. Mei ús wikseljende tentoanstellingen en aktiviteiten bliuwe wy foar harren ynteressant.”

Musea dy’t yn 2023 ek meidiene oan de Iepen Museum Moanne, lykas it Fries Skipfeart Museum yn Snits en it Jopie Huisman Museum yn Warkum, hiene it dizze edysje wat rêstiger as by de foarige kear. Mar dochs hiene se it noch altyd drokker as yn 2022, doe’t de Iepen Museum Moanne net organisearre waard.

Toerist yn eigen regio
Sandra van den Oever, wenjend yn Wikel yn Súdwest Fryslân, besocht trije musea ûnder de Iepen Museum Moanne. “It Reedrydmuseum yn Hindeloopen, it Woudagemaal yn Lemmer en It Tsiispakhûs yn Wommels kende ik wol fan namme, mar ik wie der noch noait earder hinne west. Gjin idee wêrom net. It kaam gewoan net by my op. Troch de oankundigingen fan de Iepen Museum Moanne op ûnder mear sosjale media, tocht ik: ‘Dat kinne wy dit wykein wolris dwaan’. It wie echt leuk en ynteressant. Benammen yn dit seizoen, as der wat minder te dwaan is. Yn kombinaasje mei besites oan de pleatslike hoareka fielde ik my echt even toerist yn eigen omjouwing. Dit sil ik faker dwaan.”

Oer VVV Waterland fan Fryslân
VVV Waterland fan Fryslân ferliedt ynwenner en toerist om gast te wêzen yn Súdwest Fryslân. Dat bart mei ynspirearjende ynformaasjeferskaffing, rjochte marketing en goed gasthearskip. It wurkgebiet is grut, fan de Ofslútdyk oant Lemmer en fan De Jouwer en Snits oant Boalsert. Waterland fan Fryslân hat yn dit gebiet sechtjin VVV-lokaasjes en achttjin ynformaasjepunten. Derneist wurdt ynformaasje oanbean fia de webside en ferskate publikaasjes. Sa’n 950 ûndernimmers binne lid fan VVV Waterland fan Fryslân. De VVV ferbynt dizze ûndernimmers mei-inoar yn ien krêftige netwurksorganisaasje.

Oer Toerisme Regiomarketing Zuidoost Fryslân
Yn It Oare Fryslân is alles krekt even oars … moaier, smakeliker, ynteressanter! Dát is wat Stichting Toerisme Regiomarketing Zuidoost Fryslân graach ûnder de oandacht bringt. De regio bestiet út de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Opsterlân. Gear mei Merk Fryslân en regionale partijen wurdt de regio bûten de provinsjegrinzen promofearre. Dêrnei wurde de toeristen dy’t kieze foar It Oare Fryslân foarsjoen fan ynformaasje fia ferskate on- en offline kanalen. Boppedat soarget de stichting tegearre mei de VVV’s, Toeristyske Ynformaasjepunten en de ûndernimmers foar gastfrijens yn de regio.