11 desimber

Hânlieding Projektûntwikkeling Ferbliuwsrekreaasje yn Fryslân 2024

Hânlieding Projektûntwikkeling Ferbliuwsrekreaasje yn Fryslân

By dizze presintearret de TAF de Hânlieding Projektûntwikkeling Ferbliuwsrekreaasje yn Fryslân. Dit dokumint biedt Fryske gemeenten praktyske ynsichten en middels om plannen en inisjativen fan projektûntwikkelders yn de sektor fan ferbliuwsrekreaasje te beoardieljen en dêr’t nedich by te stjoeren.

De hânlieding is ûntwikkele yn gearwurking mei eksperts en biedt rjochtlinen foar in duorsume en kwalitative ûntwikkeling fan ferbliuwsrekreaasje . It dokumint befettet ûnder oare analyses fan trends yn de merk, de rol fan projektûntwikkelders, en juridyske mooglikheden om de kwaliteit fan nije projekten te garandearjen. Sa wurde gemeenten stipe by it behâlden fan in divers en takomstbestindich rekreatyf oanbod.

Sjoch en download hjir de folsleine hânlieding en ûntdek hoe’t wy mei-inoar de kwaliteit en libbensfetberens fan de Fryske ferbliuwsrekreaasjesektor fierder fersterkje kinne.

Hânlieding Projektûntwikkeling Ferbliuwsrekreaasje yn Fryslân 2024

Dizze hânlieding is opsteld troch Leisure Brains, ZYPP Advocaten, Pietersma Advies en Verheijden Concepten, yn opdracht fan Vitale Logiesakkommodaasjes Fryslân.

Meilêzen troch Vitale Logiesakkommodaasjes Fryslân, Provinsje Fryslân, Gemeente Ljouwert en Toerisme Alliânsje Fryslân.