19 febrewaris

Ynsjoch yn HRM-winsken en ferlet wurkjouwers yn de gastfrijheidssektor

Einrapport ûndersyk

De gastfrijenssektor stiet foar grutte útdagings. Dit ûndersyksrapport jout ynsjoch yn de útdagings dy’t ûndernimmers yn Fryslân ûnderfine om personiel te boeien en te binen. Mei de ynsjoggen út dit rapport wurde yn it ramt fan de opjefte Takomstbestindige Banen maatregels en aksjes ûntwikkele om stipe oan de ûndernimmers te bieden. Soks moat bydrage oan de gastfrijenssektor as in oantreklike sektor om yn te wurkjen.

De opjefte Takomstbestindige Banen is in gearwurking fan ûnder oaren de provinsje Fryslân, KHN, Firda, NHL Stenden, TAF, SBB en Fryslân Werkt! Undernimmers dy’t nei oanlieding fan dit rapport fragen hawwe of graach mei wurkje wolle oan it ferfolch, kinne kontakt opnimme mei de oanjeier fan dizze opjefte. Dat is Siepie de Groot. Siepie is berikber fia 06 50 60 48 58 of oer de mail fia info@groots.frl.