04 febrewaris

Jeropeeske kennisdieling yn Toerisme en Kultuer

Bist do as ûndernimmer, beliedsmakker of organisaasje aktyf yn de Fryske gastfrijheidssektor en op syk nei kennis, ynspiraasje en ynternasjonale gearwurking? Dan binne Jeropeeske kennisnetwurken in weardefolle boarne fan ynformaasje en kontakten. Binnen Jeropa binne ferskate netwurken dy’t har rjochtsje op toerisme, kultuer, erfgoed en duorsumens.

Tink bygelyks oan:
European Network for Accessible Tourism (ENAT) – Tagonklik toerisme foar elkenien

European Cultural Tourism Network (ECTN) – Ynnovaasje en kennisdieling yn kultuer-toerisme

Organisation of World Heritage Cities (OWHC) – Netwurk foar UNESCO-wrâlderfgoedstêden

EuropaNostra – Behâld fan Jeropeesk kultureel en natuererfgoed

European Cyclists’ Federation – Stimulearjen fan fytstoerisme yn Jeropa

✅ NECS-touR – Ûntwikkeljen fan ynterregionale projekten en it befoarderjen fan gearwurking om in duorsum bestjoer fan toerisme mooglik te meitsjen.

Wolsto mear witte oer dizze netwurken en hoe’tsto dermei yn kontakt komst? Besjoch it folsleine oersjoch op de webside fan Europapact Fryslân. https://europapact.frl/europees-kennisnetwe/toerisme-en-cultuur/

Tegearre bouwe wy oan in sterke en duorsume gastfrijheidssektor!