Unyk sirkulêr gearwurkingsprojekt úteinset
Tiisdei 6 febrewaris wie de kick-off fan ‘Sliepe yn ‘e takomst’, in projekt wêryn’t gearwurking en kennisdielen op it mêd fan biobased/sirkulêr bouwen sintraal stiet. Yn in grôtfol Biosintrum yn Easterwâlde joech wethâlder Bauke Dam, út namme fan de 5 gearwurkjende partijen it ‘startskot’ foar dit – foar Nederlânske begripen – unike projekt.
Mei dit projekt wurdt ynset op in nauwe gearwurking tusken 7 Fryske oannimmers, rekreaasje-ûndernimmers, arsjitekten én it ûnderwiis (MBU/HBU) mei as doel kennis krije en diele op it mêd fan biobased/sirkulêr bouwe foar/yn de Fryske gastfrijenssektor. It projekt draacht by oan it ferbetterjen en yn gearhing ûntwikkeljen fan alle sân pylders fan de sirkulêre ekonomy; enerzjy, wetter, materiaal, biodiversiteit én wolwêzen, njonken maatskiplik bydrage en de ekstra wearden oan de hân fan it ferhaal, kultuer en kwaliteiten fan Fryslân.
De 7 teams besteane út:
- Camping Vrijhaven, Heech, Boubedriuw J. Heeringa, Wytmarsum, Buro Grooter, Grou
- It Wiid, Earnewâld, ECOhûs, Wûns, Alynia Arsjitekten
- Smûk Recreaasje, Echtenerbrêge, Boubedriuw P.R. de Jong, Hoarnstersweach, Wind Arsjitekten, Drachten
- De Jerden, Sleat, Boubedriuw Postma, Koatstertille, Zantman Arsjitekten, Ljouwert
- De Rakken, Wâldsein, Kramers Boubedriuw Fryslân, Sint Nyk, Achterbosch Arsjitekten, Ljouwert
- Rekreaasjepark De Uilenburg, De Hommerts, Hekstra, Damwâld, BorrenStalenhoef, Ljouwert
- Súdermar Planûtwikkeling, Warns, Agricola Bou, Warns, INBO, It Hearrenfean
Mei in soad entûsjasme binne de teams oan elkoar foarsteld en binne de earste ideeën – fan kokon oant wenark – al presintearre. Ein july moatte alle teams in ûntwerp klear hawwe, dy’t mei in grutte oploop yn septimber yn Teäter Snits presintearre wurde sille. Alle kennis en kunde, dy’t yn it proses en mei it ûntwerpen troch de teams opdien is, wurdt ta beskikking steld fia in online platfoarm op de site fan Vereniging Circulair Friesland. Oarshûs (fan Gerrit Hiemstra, Doeke van Wieren en Nicolaas van Everdingen) begeliedt de teams by dit ûntwikkeltrajekt.
De 5 gearwurkjende partijen yn dit projekt binne: Bouwend Nederland, Toerisme Alliantie Friesland, St. Samenwerkende Bouwbedrijven Friesland, Vereniging Circulair Friesland & Gemeente Súdwest-Fryslân.
Foar mear ynformaasje, nim gerêst kontakt op mei Marjan Soepboer – programmamanager Toerisme Alliantie Friesland, 06-21625681/marjansoepboer@taf.frl.