25 febrewaris

Maart yn de Feart: Pontseizoen begjint earder

Fanôf maart is it wer mooglik om mei de pont it wetter oer te stekken yn Fryslân. Fjouwer fearboaten yn Waterland fan Fryslân en Súdeast-Fryslân geane al betiid yn de feart en biede besikers de kâns om de provinsje fanôf it wetter te ûntdekken. Njonken de reguliere ôffearten farre dizze pontsjes yn it foarseizoen ek yn it wykein, wêrtroch’t it rekreative seizoen foar fytsers, kuierders en natuerleafhawwers earder fan start giet.

Pontsjes dy’t fanôf maart farre

De folgjende pontsjes farre yn maart op sneon en snein:

Pont It Oerset – Gaastmar-It Heidenskip | 11.00 – 16.00 oere
Pont Droech oer de Feart – Gaastmar-Nijhuzum | 11.00 – 16.00 oere
Langwarder Feart – Langwar | 09.00 – 21.00 oere
Hooidammen – Feanhoop – Aldegea | 11.00 – 16.00 oere

Belibje Fryslân fanôf it wetter

Om omtinken te jaan oan de betide start fan it pontsjesseizoen, krije besikers dy’t in oerstek meitsje ferskate weardebonnen dy’t se ynwikselje kinne foar koarting of in kado by ferskate lokaasjes. Mei de betide start fan it pontsjesseizoen wurdt de tagonklikens fan de regio fierder fersterke. De pontsjes foarmje in wichtige skeakel yn de rekreative rûtes en biede fytsers en kuierders de mooglikheid om Fryslân op in unike wize te belibjen. Oftst no de útsprate marren, it skildereftige coulisselânskip of de pittoreske doarpkes ferkenne wolst, de pontsjes bringe dy nei de moaiste plakken fan Fryslân.

Foar mear ynformaasje of foar rûtes yn ’e buert kinst fia de ûndersteande knop terjochte op de webside fan VisitFriesland.

Mear ynformaasje & Rûtes

Foto fia: VVV Waterland fan Fryslân