Marrekrite wreidet út mei Routebureau Fryslân
Rekreaasjeskip Marrekrite krijt der in ekstra taak by mei it Routebureau Fryslân. Dat hat it algemien bestjoer yn har gearkomste fan 28 novimber 2024 besletten. Rûteburo Fryslân hat as doel ít oansprekpunt foar rûtebûne rekreaasje yn Fryslân te wêzen.
Rûteburo Fryslân
It rûteburo komt fuort út de opjefte ‘Deirekreative Netwurken’ as ûnderdiel fan it beliedsprogramma Gastfrij Fryslân fan de Provinsje Fryslân. Dizze opjefte wie derop rjochte om it deirekreatyf oanbod yn Fryslân goed fynber en te belibjen foar ynwenners, toeristen, ûndernimmers en organisaasjes. It giet dêrby benammen om alle rûtes dy’t Fryslân ryk is.
Rekreaasjeskip Marrekrite ûntwikkelet en beheart de frije lisplakken yn de provinsje, Fietsnetwerk Fryslân, Wandelnetwerk Fryslân en de Toeristische Overstappunten (TOP’s). De knooppuntnetwurken foarmje al de basis foar tematyske rûtes foar fytsen en kuierjen en de TOP’s binne startpunten foar rûtes yn de omjouwing.
De útwreiding mei in rûteburo is dêrmei in logyske stap foar it rekreaasjeskip. Tegearre mei ferskate partijen soarget Marrekrite derfoar dat ynwenners en toeristen en ynwenners noch mear ynspirearre wurde om de provinsje te ûntdekken.
Gearwurking
It rûteburo is in wichtige skeakel yn de ûntwikkeling fan rûtes en de fermerting fan Fryslân, en soarget foar needsaaklike ôfstimming en gearwurking tusken alle belutsen partijen. Sa’n fjirtich partijen, fan marketingorganisaasjes oant natuer – en lânskipsorganisaasjes, rûteûntwikkelers en ûndernimmers binne derby belutsen.
Database
It totale oanbod oan rûtes yn Fryslân is opslein yn in sintrale database, wêryn’t ek oare toeristysk-rekreative ynformaasje lykas nijsgjirrichheden, oernachtingsmooglikheden en eveneminten te finen is. It giet dan om rûtes foar fytsen, kuierjen en farren, mar ek oare wizen om je te ferpleatsen. Dêrneist wurde de rûtes oantrekliker makke, troch nijsgjirrichheden of hoareka oan de rûtes te keppeljen.
Fynber
De ynformaasje út de database wurdt fia ferskate websiden ûntsletten. Fia websiden as www.friesland.nl/routes en dy fan de regiomarketingorganisaasjes kin de rekreant of toerist de beleefbere rûtes fine. Ek toeristysk-rekreative ûndernimmers kinne fia in saneamde widget rûtes op harren webside sjen litte. Sa soargje de organisaasjes mei-inoar foar in aktueel oanbod oan nijsgjirrige rûtes foar ynwenners en toeristen.