‘Pissen gaot veur daansen’ oftewol ‘earst de ferplichtingen neikomme, foardat je oan de leuke dingen begjinne kinne’.
Yn de provinsje Fryslân kinne kuierders en fytsers op ferskate plakken Rustpunten besykje. Fan dizze Kryst ôf is de kâns grut dat se yn de gemeenten Weststellingwerf en Eaststellingwerf it Stellingwarfs tsjinkomme, en yn de Waadhoeke it Bildts, yn de foarm fan buordsjes mei útdrukkingen en har betsjutting.
Streektalen, lykas it Stellingwarfs (ûnderdiel fan it Nedersaksysk) en it Bildts, fertsjinje it om sprutsen, heard en lêzen te wurden.
Om dizze minderheidstalen better sichtber te meitsjen, hawwe de Toerisme Alliantie Friesland, de gemeenten Waadhoeke, Weststellingwerf en Eaststellingwerf, de Stellingwarver Schrieversronte, Bildts Aigene en Stichting Rustpunt de hannen gearsletten om dit mooglik te meitsjen.
Krekt foar de feestdagen binne de buordsjes mei sprekwurden en sizwizen oerhannele oan de ferskate rustpunthâlders yn de gemeenten.
Stellingwarf is in bysûndere regio yn Súdeast-Fryslân, dêr’t minsken fan âldsher Stellingwarfs prate. It Stellingwarfs is in foarm fan Nedersaksysk, lykas it Drintsk, Grinslânsk, Twintsk en Achterhoeks.
Wethâlder Roelof Theun Hoen fan gemeente Weststellingwerf is bliid mei dit inisjatyf:
“Ik bin bliid dat it Stellingwarfs yn de iepenbiere romte hieltyd sichtberder wurdt. Taal is in grut part fan je identiteit dêr’t wy grutsk op binne. En dat litte wy no ek sjen oan de toeristen en rekreanten dy’t ús rustpunten besykje.”
Wethâlder Jan Dijkstra fan gemeente Waadhoeke is ek optein oer it projekt:
“De rustpunten binne prachtige plakjes om efkes op azem te kommen, de batterij op te laden, lokale minsken te moetsjen en it moaie lânskip om je hinne te bewûnderjen. Dat wy toeristen no ek de eigen talen, lykas it Frysk en no ek it Bildts, mei jaan kinne, is in geweldich idee. De sichtberens fan ús talen wurdt fergrutte, en minsken krije in ympresje fan de sfear en taal fan it gebiet. Wat moai!”
Mear lêze?
Stellingwarfs – Stellingwarver Skrieversronte
Bildts – Bildts Aigene