Op moandei 27 jannewaris brocht minister Eddy van Hijum in besite oan Fryslân Werkt!, mei as ôfsluting in ynspirearjend wurkbesite oan Hof van de Koning. Hjir krige er de kâns om it projekt ‘Nijkommers yn ‘e Keuken’ yn ‘e praktyk te bewunderjen.
‘Nijkommers yn ‘e Keuken’ is in opliedingstrajekt dat statushâlders opliedt ta basiskok en harren helpt by it finen fan in baan yn ‘e hoareka. Dielnimmers kombinearje wurkjen en learen, dogge praktykervaring op yn Nederlânske keuken en folgje in koksoplieding by Firda, ynklusyf taallessen rjochte op koksbegrippen. It trajekt biedt sawol in oplossing foar it personielstekort yn ‘e hoareka as in kâns foar nijkommers om hurder te yntegrearjen yn ‘e mienskip.
De minister waard begelaat troch deputearre Friso Douwstra en in delegaasje fan amtners fan it ministearje, de arbeidsynspeksje en de provinsje. Christel en har team hjitten elkenien fan herten wolkom. Yn ‘e keuken spruts minister Van Hijum mei Mojtaba en sjef-kok Danny oer harren ûnderfiningen en it belang fan dit projekt. Tidens it mienskiplike petear oan tafel waard wiidweidich praat oer de útdagings binnen de Fryske gastfrijheidssektor en it projekt ‘Nijkommers yn ‘e Keuken’.
Deputearre Friso Douwstra beklamme inkelde wichtige oandachtspunten, lykas de regionale arbeidsmerk, wêr’t in soad mkb-bedriuwen en sektoaren sûnder O&O-fûnsen operearje. Ek waard praat oer hoe’t nije doelgroepen bettere kânsen krije kinne en oer de tagonklikheid fan subsydzjeregelingen foar it mkb.
It wurkbesite krige omtinken yn ‘e media. Omrop Fryslân makke in reportaazje foar Fryslân Hjoed en die live ferslach op ‘e radio. Lês foar mear ynformaasje ek ris dit artikel: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17183018/nijkommers-oan-de-slach-yn-de-hoareka-win-win-situaasje