21 augustus

Nasjonale Digitalisearingsmonitor 2025

Doch mei oan de Digitalisearingsmonitor Toerisme & Gastfrijheid 2025!

Wy noegje dy út namme fan NBTC om diel te nimmen oan de Nasjonaal Digitalisearingsmonitor Toerisme & Gastfrijheid. Yn 2024 folge hûnderten ûndernimmers en organisaasjes de fraachlist yn. Har ynput levere weardefolle ynsichten oer hoe’t de sektor digitalisaasje tapast, en wêr noch winst te heljen is.

Ut de resultaten bleau ûnder oare dat:

  • digitalisaasje in hieltyd wichtiger rol spilet yn de sektor;
  • organisaasjes harsels gemiddeld in 7,1 jaan op dit mêd;
  • 73% fan de respondinten yn de ôfrûne twa jier nije produkten en/of tsjinsten ûntwikkele mei help fan digitale technology;
  • allinnich 56% fan de organisaasjes in dúdlike digitalisaasjestrategy hat.

Tegelyk sjogge wy dat it gastfrijheidsdomein as gehiel efterbliuwt yn digitalisaasje fergelike mei oare sektoren. Dat makket ús sektor ûnnedich kwetsber. NBTC wol, tegearre mei partners, dizze digitale efterstand ferminderje en de transformaasje fan it gastfrijheidsdomein fersnelle. Dêrom herhelje se dit jier it ûndersyk. Sa krije wy in hieltyd skerper byld fan de steat fan saken én de ûntwikkelings yn de sektor.

Meidwaan kostet maksimaal 9 minuten. De fraachlist giet yn op ûnderwerpen lykas digitalisaasje yn marketing, bedriuwsfiering, data en ynnovaasje.

Ynfolje kin oant en mei 31 oktober 2025. Under de dielnimmers ferlotten wy in Digital Quick Scan: in op maat makke advisearapport mei konkrete oanbefellingen foar digitalisaasje yn dyn organisaasje (t.w.v. €1.000!). Dizze quick scan wurdt útfierd troch Eastern Enterprise en bestiet út in intake fan 30 minuten mei de winner, in wiidweidige analyze fan it digitale lânskip fan dizze organisaasje, in praktysk advisearapport mei quick wins en next steps om digitalisaasjekânsen te brûken en in begeliedende sesje fan in heal oere om it rapport ta te lichten.

Folje de fraachlist yn!

Dyn ynput is fan grutte wearde. Help mei rjochting te jaan oan de digitale takomst fan it gastfrijheidsdomein.

Fotografy: Robin Utrecht fia NBTC