Fanôf it nije skoaljier ferbreedzje Firda en Gastvrij Fryslân harren MBO ‘on the job’ horeka-opliedingen mei in nije hub-lokaasje yn It Hearrenfean. Dizze praktykrjochte opliedingen jouwe studinten de kâns om te learen en te wurkjen yn de horeka-sektor. Dit dogge se yn nauwe gearwurking mei ûndernimmers, ûnderwiis en oerheid.
Útwreiding mei It Hearrenfean as hub-lokaasje
Njonken de besteande hubs yn Emmeloard, Ljouwert, Harns/Skylge en Snits, wurdt It Hearrenfean tafoege as nije opliedingslokaasje. Studinten folgje hjir harren lessen en dogge praktykûnderfining op by oansletten horekabedriuwen yn de regio. De partners dêr’t sy wykliks gearkomme binne Van der Valk Hotel Wolvega-Heerenveen en Restaurant Hof van de Koning. Dêrneist biede ek Parkhotel Tjaarda, Boutiquehotel & Grandcafé ’t Gerecht Heerenveen en La Fontaine studinten de mooglikheid om praktykûnderfining op te dwaan en harren fierder te ûntwikkeljen yn de horeka.
Mei dizze útwreiding ûntsteane der noch mear kânsen foar studinten om harren passy foar de horeka te ûntwikkeljen en har ta te rieden op in súksesfolle karriêre yn de sektor. Firda en Gastvrij Fryslân sjogge út nei de gearwurking mei studinten en horekapartners om it measte út dizze praktykrjochte opliedingen te heljen.
Foar mear ynformaasje oer de mooglikheden kinne jo kontakt opnimme mei: info@gastvrijfryslan.nl.
Mear witte oer de horeka- en hospitality-opliedingen? Klik op de knop hjirûnder.