07 july

Projekten sette Fryske Marren fierder op ‘e kaart

VVV Waterland fan Fryslân voert dit jier yn opdracht fan de gemeente De Fryske Marren ferskate ekstra projekten út. Dêrmei wol de gemeente har toeristyske oantreklikens it hiele jier troch fersterkje. Sa wurdt der ûnder oaren wurke oan nije toeristyske plattegrûnen, in aventoerlike bernespeurtocht en in sfearfolle winterrûte troch Gaasterlân. Ek wurdt de gemeentlike byldbank útwreide mei aktuele foto’s fan it toerisme yn alle seizoenen.

Wethâlder Remboud van Iddekinge fan gemeente De Fryske Marren is entûsjast oer de gearwurking mei de VVV. “As gemeente hawwe wy besletten om út it útfierprogramma wei hjir spesjaal jild foar beskikber te stellen. Troch dizze ekstra ynvestearring kinne wy mei-inoar in moaie stap sette yn de gastfrijheid dy’t wy as gemeente útstriele wolle. De nije projekten jouwe toeristen én ynwenners mear redenen om ús prachtige omjouwing te ûntdekken of op ’e nij te ûntdekken. Wy litte sjen hoe ryk oft ús gemeente is op it mêd fan natuer, kultuer en belibbingen.”

Nije plattegrûnen en bernespeurtocht

VVV Waterland fan Fryslân ûntwikkelet ûnder oaren nije toeristyske plattegrûnen foar De Jouwer, De Lemmer en de regio Gaasterlân. Dizze kaarten binne straks ek yn it Dútsk beskikber om dizze ynternasjonale gasten better te betsjinjen. Foar De Jouwer komt der ek noch in bernespeurtocht. Dizze rjochtet him op gesinnen dy’t op in boartlike wize de flecke ûntdekke wolle.

Winterrûte troch Gaasterlân

In oar opfallend ûnderdiel fan de nije projekten yn de gemeente De Fryske Marren is de ûntwikkeling fan in winterrûte troch it boskrike Gaasterlân. Nei foarbyld fan in súksesfol inisjatyf yn Súd-Limburch wurdt in sfearfolle winterrûte gearstald lâns gesellige horekalokaasjes. Hjirmei spylje VVV Waterland fan Fryslân en de gemeente rjochte yn op it ferlingjen fan it seizoen en it stimulearjen fan lokale bestegingen yn de rêstiger moannen. “De winterrûte is echt in idee dat ûntstien is by lokale ûndernimmers”, fertelt Grietje Hoekstra fan VVV Waterland fan Fryslân. “Troch dit inisjatyf no fierder út te wurkjen wolle wy dat entûsjasme graach romte jaan.”

Mear witte? Klik op de ûndersteande knop.

VVV Waterland fan Fryslân

Foto: Jurjen Backer Dirks fia VVV Waterland van Friesland