Sân nije Green Key-ûndernimmers en lansearring Griene Ikoanen fersterkje duorsume gastfrijheidssektor yn Fryslân
Op 10 oktober, de Dei fan de Duorsumens, hawwe sân toeristyske ûndernimmers yn Fryslân it ferneamde Green Key Certifikaat yn ûntfangst nimme mocht. Dat barde by in duorsum moarnsbrochje, organisearre troch Merk Fryslân en Toerisme Alliantie Friesland (TAF).
In twadde wichtich momint dizze moarn wie de lansearring fan ‘de Griene Ikoanen’. As earste provinsje yn Nederlân biedt Fryslân op de toeristyske websiden fan Visit Friesland en Visit Wadden ûndernimmers de mooglikheid oan besikers sjen te litten hoe duorsum sy operearje. Ek op de webside fan Meet in Friesland, de oanjager foar saaklik besite oan ús provinsje, binne dizze duorsumensyndikatoaren trochfierd. Hjirmei set de Fryske gastfrijheidssektor wer in flinke stap rjochting de ambysje fan duorsume bestimming. Dit ikoan makket it foar bewuste toeristen ienfâldiger om duorsume karren te meitsjen by it boeken fan akkommodaasjes en aktiviteiten yn Fryslân. It griene ikoan fungearret dêrneist as ynspiraasjeboarne foar oare ûndernimmers om ek te ferduorsumjen.
It moarnsiten waard opharke troch in ynspirearjend ferhaal fan Purpose Marketeer Bianca Harms, dy’t de besikers meinaam yn it ûnderwerp effektyf kommunisearje fan duorsume bedriuwswearden. Sy beklamme it belang fan autentike ferhalen dy’t net allinnich klanten oansprekke, mar ek bydrage oan in bredere maatskiplike impact.
Green Key-sertifisearring: in ynternasjonale erkenning fan duorsume bedriuwsfiering yn de gastfrijheidssektor.
Under it moarnsbrochje waarden de ûndernimmers (De Laape, De Twirre, Hotel Post Plaza, Hotel VieVia, Zeilschool Pean, Drijfveer & De Koken, It Flinkeboskje) offisjeel sertifisearre mei it Green Key-sertifikaat. “ De tawijing fan dy ûndernimmers lit sjen dat wy mei-inoar wurkje oan in duorsume takomst foar Fryslân. Mei elke stap komme we tichter by ús ambysje om Fryslân as Green Destination op de kaart te setten, en allinnich tegearre kinne we dy stip op de hoarizon berikke. ” sa seit Martin Cnossen, Direkteur-Bestjoerder fan Merk Fryslân.
Merk Fryslân stribbet der nammentlik mei partners en bedriuwen binnen de sektor nei fan ús provinsje in offisjele Green Destination te meitsjen. Dy ambysje draait om it kreëarjen fan in duorsume takomst wêryn’t de toeristyske sektor in krúsjale rol spilet. De belutsen partijen wolle mei-inoar bydrage oan it realisearjen fan de wrâldwide Duorsume Untwikkelingsdoelen (SDG’s) troch duorsume inisjativen binnen it toerisme te befoarderjen.