Duorsume, gastfrije ûndernimmers, beliedsmeiwurkers en bestjoerders binne 13 maart mei op ‘en paad naam foar in unike en ynspirearjende sirkulêre bustour. Dizze tour markearre de ôfsluting fan it aksjeplan Sirkulêre Gastfrijenssektor. Circulair Fryslân, Merk Fryslân, YnBusiness, TAF en Provinsje Fryslân yntinsyf gearwurke by it organisearjen fan dizze tour.
Mei de bustour seach deputearre Friso Douwstra fan Provinsje Fryslân werom op de suksesfolle gearwurking. De mienskiplike ynspannings wjerspegelje it stribjen nei in grienere en mear ferantwurde takomst foar it toerisme yn ‘e regio. ‘Der is in soad berikt. It is moai dat besikers dy’t nei Fryslân komme ûnderfine dat duorsumers wat taheakket oan jo fakânsje en dat soks tagelyk ek in ynspiraasjeboarne wêze kin foar as jo wer thús binne’, neffens Douwstra.
Der binne mei de tour fjouwer lokaasjes besocht, wêrby’t dielnimmers folop ynformaasje opdwaan koene oer sirkulêr ûndernimmen. Sy binne bypraat oer sirkulêre en duorsume tapassings en ynsjoggen dy’t sy tapasse kinne yn har bedriuw. Pean is ien fan de lokaasjes dy’t mei de bustour de ûnderfinings dield hat. ‘De dielname oan it koprinnersprojekt en de sertifisearring fan Green Key hat ús bewust makke fan alle fasetten yn it bedriuw dêr’t wy duorsume stappen sette koene. Twa jier lyn tocht ik noch allinnich oan it besparjen fan enerzjy, mar it giet krekt ek om it ynspirearjen fan jo kollega’s en de omjouwing om duorsumer te wurkjen. Sa wurde jo kontinu ynspirearre om noch griener en noch moaier te ûndernimmen’, fertelt Natasja van den Bos, eigeneresse fan Pean.
Nije inisjativen
Neist it weromsjen op it sirkulêre aksjeplan is der ek sjoen nei de nije inisjativen, dêrûnder “Fan start mei 3 ST – Speeding up Sustainability Skills in Tourism.” Dit projekt is in gearwurking mei njoggen Europeeske partners en wurdt stipe yn it ramt fan it Interreg North Sea Programme. Op dy wize kriget de gastfrijenssektor ek de kommende jierren in duorsume, sirkulêre boost.
De fiif partijen Sirkulêre Gastfrijenssektor Vereniging Circulair Friesland, Merk Fryslân, Provinsje Fryslân, Ynbusiness en Toerisme Alliantie Friesland bliuwe har de kommende jierren ûnfermindere ynsetten foar duorsum toerisme en stribje dernei om in signifikante bydrage te leverjen oan it beheljen fan de klimaatdoelstellings fan 2030.