25 húshâldens yn it jier op fakânsje tanksij Toerisme Alliantie Fryslân en Leeuwarden Oost
In kâns om der écht efkes tuskenút te wêzen – dat gunnest elk húshâlden. Troch de gearwurking tusken de Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) en Leeuwarden Oost is it fan 2025 ôf mooglik makke dat alle jierren 25 húshâldens út Leeuwarden Oost op fakânsje kinne fia De Vakantiebank.
In fêst plak, alle jierren wer
Leeuwarden Oost hat in oerienkomst mei De Vakantiebank dêr’t jierliks 25 fakânsjeplakken yn reservearre binne foar húshâldens dy’t op bystânsnivo libje. De Vakantiebank biedt dizze fakânsjes oan. It is oan lokale partijen om húshâldens oan te melden en te begelieden.
Ferbining en ferbettering
De TAF hat it ôfrûne healjier, yn opdracht fan Leeuwarden Oost, wurke oan it ferbetterjen fan it oanmeldproses tusken húshâldens, maatskiplike organisaasjes en De Vakantiebank. Mei lokale belutsenen is wurke oan in duorsum en tagonklik proses, dêr’t húshâldens better yn begelaat wurde en maatskiplike organisaasjes dúdliker witte wat der fan harren ferwachte wurdt. De klam lei op berikberens, fertrouwen en praktyske stipe – alles mei it doel om húshâldens in ûnsoarge fakânsje te bieden.
Fêstlein yn ’e wyk
Fan takom jier ôf is it proses struktureel ûnderbrocht by Wijkcentrum Bilgaard en Wijkcentrum Vrijheidswijk. Dizze wyksintra steane tichtby de húshâldens, hawwe leechdrompelich kontakt en kinne as wichtige skakel fungearje rjochting De Vakantiebank. In logyske kar, dy’t soarget foar kontinuïteit en lokale ferankering.
TAF draacht oer
De TAF hat har rol as stiper en oanjager dêrmei folbrocht en draacht no it stokje oer oan de wyksintra. De TAF is bliid dat se op dizze wize in bydrage leverje kinnen hat oan in duorsume oplossing, wêrmei’t elk jier opnij 25 húshâldens dy’t it fertsjinje, de kâns krije op in ûnsoarge wike fakânsje.