29 jannewaris

Traveller Review Awards

Fryslân neffens Booking.com meast gastfrije regio fan Nederlân en nûmer 10 fan de wrâld!

Alle jierren rikt it boekingsplatfoarm de Traveller Review Awards  út oan akkommodaasjes dy’t neffens Booking.com de bêste service biede. Yn it top tsien rychje fan ‘Meast gastfrije regio fan ‘e wrâld’ skitteret Fryslân op plak 10. In resultaat om grutsk op te wêzen.

Booking.com: “De meast gastfrije plakken op ierde toane dit jier in breed skala oan wrâldfrije bestimmingen. Fan retrêtes yn ‘e Alpen, it bewûnderjen fan it Noarderljocht yn Laplân oant miskien wol de legindaryske Alvestêdetocht yn ús eigen Fryslân. Dizze regio’s sille it kommende jier de bêste service garandearje oan reizgers fan oer de hiele wrâld.”