25 april

Tuskenstân Sliepe yn ’e Takomst

In showcase foar biobased bouwe

De sân teams fan it projekt Sliepe yn ‘e Takomst presintearren woansdei 24 april in tuskenstân fan harren ûntwerpen foar biobased rekreaasjewenten. Opfallend wie it brede palet oan kreative en ferrassende oplossings dat yn de gearwurking tusken rekreaasje-ûndernimmer, boubedriuw en arsjitekt betocht is. Psycholooch Bernard Maarsingh joech ûnder dizze byienkomsten lêzing oer de effekten fan in biobased rekreaasjewenning op de sûnens en fitaliteit fan de gasten.

Grut ferskaat yn ûnderwerpen
De gearkomste yn it Slûsfabryk yn Drachten wie organisearre yn it ramt fan it projekt Sliepe yn ‘e Takomst, yn gearwurking mei Fitale Loazjeminten en Gastfrij Fryslân. Mei it earste part fan de byienkomste lieten de sân teams oan elkoar sjen hoe fier hja op dit stuit binne mei har ideeën en plannen. It ferskaat yn de ûntwerpen is grut en in soad dielnimmers wiene ferrast en ûnder de yndruk fan de konsepten fan har kollega’s.

Der is in grut ferskaat yn de mjitte fan konkretens fan de plannen. In pear teams tinke al nei oer de realisaasje, oare teams binne noch yn de faze fan konseptûntwikkeling. Tagelyk is elk team dwaande mei de praktyske útfierberens. Dêrby giet it net allinnich om de technyske kant, mar ek oer de romtlike mooglikheden dy’t der op de spesifike lokaasjes binne.

Biobased bouwe is goed foar de sûnens
Undernimmer en psycholooch Bernard Maarsingh hold in presintaasje oer de ynfloed fan de omjouwing op de sûnens. Biobased bouwe kin dêr in wichtige rol by spylje. “As wy ambisjeus binne, dan kinne we meardere swierrichheden yn ien kear oanpakke. As de transysje yn de lânbou slagget, dan slagget de transysje yn de sûnenssoarch, de bou en arsjitektuer ek. It binne net op harsels steande swierrichheden, mar se hingje fûneminteel mei elkoar gear.”

Oer it projekt Sliepe yn ’e Takomst
It projekt Sliepe yn ‘e Takomst is begjin febrewaris úteinset. Sân teams, besteande út in rekreaasje-ûndernimmer, in oannimmer en in arsjitekt, ûntwikkelje elk in biobased en sirkulêre rekreaasjewenning. It doel fan it projekt is om ûnderfining en kennis en kunde mei biobased en sirkulêr bouwen op te dwaan en ien en oar ek te dielen mei oaren. It projekt is opset troch Bouwend Nederland ôfdieling Fryslân, Toerisme Alliantie Friesland, Stichting Samenwerkende Bouwbedrijven Friesland, Vereniging Circulair Friesland en Gemeente Súdwest-Fryslân. De resultaten fan it projekt wurde ein septimber presintearre.