Ferkenning Regionaal Hospitality Pact Noard-Nederlân
Undernimmers, oerheden en ûnderwiis út de gastfrijensbrânsj út Noard-Nederlân wiene op 25 juny by elkoar yn Appelskea, om mienskiplik aksjes te betinken om it groeiende probleem fan personielstekoarten yn de brânsj op te lossen. Hast ien jier nei lansearring fan it lanlike ‘Hospitality Pact’ hawwe regionale partijen ôfpraat om yn dit stik fan saken ek hjir yn it Noarden de lapen gear te smiten.
Op 29 juny 2023 waard it lanlike Hospitality Pact lansearre, wêrby’t de MBO Ried en organisaasjes út de gastfrijens- en frijetiidssektor gearwurkje oan duorsume oplossings foar de útdagings op ‘e arbeidsmerk. Tagelyk gie de lanlike kampanje ‘Be My Guest’ fan start om jongerein te ynteressearjen foar karriêremooglikheden yn de hospitalitysektor. Dizze kampanje rjochtet him benammen op vmbo- en mbo-talint, mei letter in útwreiding nei hbo-studinten.
Partijen sjogge tefreden werom op it ta stân kommen fan dit lanlike pakt, mar beseffe ek dat it regionale ferlet ôfwike kin fan lanlike aktiviteiten. Yn septimber 2023 binne dêrom de earste petearen fierd oer in regionaal pakt foar Grinslân, Fryslân en Drinte. Der is brede stipe foar it ferkennen fan in regionaal hospitality pact, basearre op de spearpunten fan it lanlike pact: Undersyk en Ynnovaasje, Sosjaal Belied, Underwiisbelied en Arbeidsmerkbranding.
Mei de gearkomste fan 25 juny hawwe regionale partijen befêstige dat se middels yntinsivearre gearwurking de swierrichheden de holle biede wolle. De terreinen dêr’t gearwurking it meast kânsryk op achte wurdt bine: ûndersyk nei relevante ûntwikkelings foar de sektor, kennis diele, profilearring, mobiliteit, wurkje oan in better imago fan de brânsj en goed wurkjouwerskip (ynklusiviteit/diversiteit). Ek it oanlûken fan statushâlders (of oare spesifike doelgroepen) nei de sektor is as kânsryk beneamd.
Undernimmers yn de gastfrijenssektor sjogge fjouwer wichtige knyppunten: stigende kosten, finansieringsmooglikheden, feroarings yn wet- en regeljouwing, en de beskikberens en kwaliteit fan personiel. De gearwurking tusken ûnderwiis, ûndernimmings en oerheid biedt kânsen om dy útdagings oan te pakken.
Besjoch hjirûnder de aftermovie foar in koarte ympresje fan de byienkomste.