De Alvestêdetocht sprekt noch altyd ta de ferbylding, net allinnich op it iis, mar ek as in unike rûte om mei de camper, auto of motor te belibjen. VVV Waterland fan Fryslân yntrodusearret twa nije rûtes dy’t reizgers lâns sân fan de alve histoaryske stêden bringe. Underweis ûntdekke besikers de rike skiednis, pittoreske doarpen en adembenemende natuer fan Súdwest-Fryslân.
De Mini-Alvestêdetocht
De nije rûtes, spesjaal ûntwikkele foar campers en foar auto’s of motors, biede de kâns om de magy fan de Alvestêdetocht op in eigen wize te belibjen. Beide rûtes binne 103 kilometer lang en nimme reizgers mei troch it karakteristike Fryske lânskip. Wylst de camperrûte útnûget ta ûntspannen toeren en oernachtsjen lâns de rûte, is de autorûte of motortocht ideaal foar in dei fol ûntdekkingen.
De Mini-Alvestêdetocht giet lâns Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Drylts en Snits. Underweis binne der tal fan mooglikheden om lokale bezienswaardichheden te besykjen, lykas it Jopie Huisman Museum yn Warkum en it Earste Fryske Reedridersmuseum yn Hylpen. De rûtes binne sa gearstald dat se de drokke haadwegen mijde.
Fryslân belibje op eigen wize
Foar wa’t de rûte mei in camper rydt, binne der ferskate oernachtingsmooglikheden beskikber lâns it trajekt. Mei it syk- en boeksysteem fan VVV Waterland fan Fryslân is it maklik om ûnderweis in ferbliuw te reservearjen. Foar automobilisten en motorriders biedt de rûte in miks fan kultuer, natuer en frijheid, mei genôch mooglikheden om ûnderweis te genietsjen fan in hapke en in drankje yn ien fan de in protte Fryske horecagelegenheden.
Mear witte oer dizze bysûndere rûtes? Besykje de webside fan VVV Waterland fan Fryslân en ûntdek hoe’tsto sels op paad kinst lâns de ikoanyske Fryske stêden en lânskippen.
Foto troch: ThomasVaer Fotografie fia VVV Waterland fan Fryslân