15 maaie

Weromsjoch TAF-Gearkomste Weidumerhout

Op tiisdeitejûn 14 maaie kamen de dielnimmers fan de TAF byinoar yn in bysûndere setting: Hotel- en Restaurant Weidumerhout. Net perfoarst in nije lokaasje, mar wól mei in nije eigner. Rienk de Jonge, ûndernimmer én TAF-dielnimmer, hjitte it selskip wolkom út namme fan Pean Buiten, dat it hotel koartlyn oernommen hat.

Fan ynspiraasje nei aksje

Martin Cnossen tidens de TAF-gearkomste.

De jûn stie yn it teken fan in ûnderwerp dat hieltyd mear omtinken kriget: regeneratyf toerisme. Nei de yndrukwekkende bydrage fan Anna Pollock tidens it Frysk Toerisme Festival bleau by in protte de fraach hingjen: en no? Wat betsjut regeneratyf ûndernimmerskip foar toerisme yn Fryslân – en hoe sette wy dat om yn konkrete stappen?

Gerard Kremer (foarsitter TAF) iepene it programma, dêrnei beklamme Martin Cnossen (direkteur Merk Fryslân) yn syn presintaasje dat regeneraasje fierder giet as duorsumens. It giet net allinnich om it ‘minder min’ dwaan, mar om echt wat werom te jaan oan de omjouwing – sosjaal, ekonomysk én ekologysk. Tink oan lokale ûndernimmers dy’t wurkgelegenheid behâlde, oan erfgoed dat wer in nije betsjutting krijt, en oan besikers dy’t in riker ferhaal meinimme.

Besjoch hjir de presintaasje fan Martin

Yn ‘e Sinne Farm: dwaan yn stee fan praten

Joël van den Broek tidens de TAF-Gearkomste.

In konkreet foarbyld fan regeneratyf ûndernimmerskip kaam fan Joël van den Broek fan Yn ‘e Sinne Farm yn Jirnsum. Hy teelt griente op regenerative wize op 0,7 hektare grûn en foarsjocht dêrmei ûnderwilens 200 leden it hiele jier troch fan lokaal iten. Syn fyzje: “Net prate oer regeneratyf ûndernimmerskip, mar it gewoan dwaan.” Syn bedriuw is útgroeid ta in mienskip dêr’t ek sosjale ferbining sintraal stiet. Tagelyk is it in leveransier foar de Fryske gastronomy: de grûn as ferhaal op it board. Klik hjirûnder om mear te witten te kommen oer Joël en syn ûndernimming.

Yn’e Sinne Farm

Petearstafels en dield ynsjoch

Om fan ynspiraasje nei aksje te gean, tochten dielnimmers yn lytse groepen nei oer de folgjende fragen:

  1. Hoe sjoggesto oan tsjin regeneratyf toerisme? Werkenst de útdagings sa’t dy sketst binne?
  2. Sjochsto kânsen foar Fryslân om in foaroansteande rol te spyljen yn regeneratyf toerisme? Wêrom tinkst dat Fryslân hjir in wichtige bydrage oan leverje kin?
  3. Wat kinne wy as TAF dwaan om binnen de Provinsje/sector stappen te setten om mear regeneratyf te wurden? Wat kinsto út dyn eigen organisaasje wei dwaan?

De weromkoppeling levere weardefolle ynsichten op. De balâns tusken deistige praktyk fan ûndernimmers en de ambysje fan regeneratyf toerisme is in syktocht. Regeneratyf ûndernimmerskip freget om in oare start as it ferduorsumjen binnen besteande strukturen. Wol waard it benammen wichtich fûn om besteande inisjativen, lykas dy fan Joël, te finen, te stypjen en op te skealen. Dêrby is it fan belang dat oan safolle mooglik minsken de mearwearde fan regeneratyf ûndernimmerskip – yn wolwêzen én ekonomy – oerbrocht wurdt troch dúdlike kennisdieling.

Dêrnjonken kamen de dielnimmers ek mei ‘ludike’ ideeën. Gamification kin helpe by gedrachsferoaring: it leuk meitsjen fan regeneratyf toerisme foar de toerist. Ek waard it stimulearjen fan Fryslân as ‘liftprovinsje’ neamd.

Wurdt ferfolge…

Der waard ôfsletten mei de winsk om út it TAF-netwurk wei fierder te bouwen oan in beweging fan early adopters dy’t de transysje nei regeneratyf toerisme foarm jaan wolle. De gearkomst wie it startskot foar ferdjippende petearen en mooglike projekten. Want ien ding waard wer befêstige: Fryslân hat de minsken, de inisjativen én de motivaasje om in foarlûkersrol te spyljen yn dizze beweging.