Foar in publyk fan hast 70 ynteressearren iepene Roelof Lousma op 9 april de gearkomste ‘Gastvrij voor Elke Inkomensgroep’ yn de Kanselarij. De organisaasje – besteande út Toerisme Alliantie Friesland, Provinsje Fryslân, Hiswa-Recron, ANWB, Merk Fryslân en KHN – fûn dat dit ûnderwerp in poadium fertsjinne. En dat poadium kaam der. It doel? In ûnthjit fan ynset meitsje mei sprekers en oanwêzigen, en derfoar soargje dat elk bern yn Fryslân op fakânsje kin. De gearkomste wie dus net allinnich ynformearjend, mar foaral aktiverend.
Dat der in sniebaleffekt ûntstean moat mei byhearrende aksjes, waard befêstige troch Gerard Kremer (foarsitter TAF) en Friso Douwstra (Deputearre Provinsje Fryslân). Kremer dielde it ferhaal fan syn frou, dy’t as jong famke net op fakânsje koe. Efterbliuwe yn it doarp yn ’e simmerfakânsje en gjin ferhalen hawwe om te fertellen yn de klasse: dat hat yndruk makke op in bern. Dat waard syn driuwfear om dit ûnderwerp oan te jaen. Douwstra bea ta dat it ûnderwerp ek polityk sintraal stean moat. Dizze gearkomste wie dêryn in startpunt.
Persoanlik ferhaal
De seal, fol mei minsken dy’t wurkje by de gemeente, provinsje, yn de gastfrijheidssektor, wykbuertsintra, gebietsteams en oare ynstellingen mei in waarm hert foar dit ûnderwerp, harke yn stilte nei it ferhaal fan Kylie. As mem fan fjouwer bern libbet se al mear as tsien jier yn earmoed. As je eltse moarn betinke moatte oft der wol genôch te iten is, dan is fakânsje gjin opsje. Is de pindakaas op? Dan betsjut dat mear as fiif euro útjaan – in grutte druk op it budzjet fan de wike. Dochs set Kylie har alle dagen yn om har bern neat te ûntbrekken yn basisbehoeften. De stress dy’t dat jout, hat in soad medyske gefolgen. Hjoed diele se har ferhaal yn folsleine krêft én kwetsberens, yn ’e hoop mear omtinken te krijen foar it ûnderwerp. Der binne neffens har noch in protte gesinnen dy’t it noch swierder hawwe.
Ferline jier gie Kylie foar it earst mei har twa âldste bern op fakânsje. In wike nei ien fan de eilannen. Net allinnich koene se soarchleas genietsje, mar ek har lichaamlike klachten feroarsake troch stress ferdwûnen. It effekt fan dy fakânsje gie dus fierder as allinnich it momint. Har bern prate der noch altyd oer as de moaiste dagen fan harren libben.
Earmoed is gjin útsûndering
Dat de situaasje fan Kylie gjin útsûndering is yn Fryslân, waard befêstige troch sifers fan it Fries Sociaal Planbureau. Mandy Bosma (ûndersiker) die bliken dat libjen ûnder de earmoedgrins gjin yndividueel, mar in kollektyf probleem is. 12,8% fan de húshâldens yn ús provinsje libbet mei in ynkommen oant 120% fan it sosjaal minimum.
Wat bart der al
Dat der minsken binne dy’t har ynsette foar dizze doelgroep, docht bliken út de inisjativen dy’t al bestean. Roderik Scheapman (De Buurtcamping), Pim Loeff (De Vakantiebank) en Maarten Kok (ANWB) dielden wat hja al dogge. De oerienkomst: trije lanlike partijen dy’t har ynsette om ek minsken út kwetsbere groepen op fakânsje te krijen, en dat op grutte skaal. De winsk om foaral yn Fryslân mear fuot oan ‘e grûn te krijen, libbet benammen by de earste twa. Want wat fêststiet is dat der efkes tuskenút gean en de moeting dy’t dêrby plakfynt, liede ta ûnferjitlike oantinkens foar de gesinnen.
Fansels bart der yn Fryslân ek al fan alles: wis wol. Op lokaal nivo binne der tal fan inisjativen. Dat bewiist Iris de Boer, eigener fan camping De Appelhof yn Wommels. Ferline jier organisearre sy in mini-fakânsje foar tritich bern foar wa’t fakânsje normaal net mooglik is. Uteinlik diene mar tweintich bern mei: de kwetsberens fan de doelgroep soarge foar in protte ôfmeldingen op it lêste momint. Ek wie de earste dei in oergongsdei: wêr’t guon bern earst ôfstânlik en sels flokkjend binnenkamen, waard yn ien dei it masker ôfdien en waarden freonskippen sletten. Ofsjoen fan help fan de gebietsteams foar it finen fan de doelgroep, die Iris it hielendal op eigen manneboet. It wurke as in oaljeflek: it hiele doarp woe helpe of sponsoarje. It resultaat wie in fakânsje fol aktiviteiten, dêr’t de bern ûnsoarchlik bern wêze koene. Hoe yntinsyf it ek wie, Iris wit wis dat se dit inisjatyf trochsette sil. Dit jier hopet se sels 50 bern te ferwolkomjen.
De ferbining as kaai ta sukses
Nei de pauze waard it ynteraktive part start: it publyk gie yn petear mei de sprekers. Ek Douwe Beimin (foarsitter Stichting PAS FRL) en Marja van der Meer (gemeente Waadhoeke) diene mei. It waard dúdlik dat wy de doelgroep net út it each ferlieze moatte. De ferbining lizze tusken oerheid, ûnderwiis, ûndernimmers en soarch is dêryn fan belang. Dêrnei folge in rige fan ûnthjitten: oanwêzigen wiene ynspirearre rekke om har yn te setten. Fan gemeenteriedsleden dy’t jild én middels beskikber stelle wolle oant ûndernimmers dy’t akkommodaasjes oanbiede: de iene nei de oare dielnimmer melde him mei de winsk om by te dragen. De ûnthjitten waarden swart-op-wyt set op ansichtkaarten dy’t troch de seal leine om de ynset sichtber te meitsjen. De kaarten waarden sammele yn de grutte TAF-brievebus, wêrnei’t de ôfspraken bondele én opfolge wurde.
De útsmiter dy’t bleau hangen, wie de oprop ta petear én aksje. Spreek ien oan dy’t it dreech liket te hawwen, set dy yn foar immen dy’t help nedich hat, slút dy oan by kollektiven dy’t dêr al mei dwaande binne, start in eigen inisjatyf of stel tiid of middels beskikber. Friso Douwstra liet witte dat hy trochgiet mei dit ûnderwerp, en hopet dat de oanwêzigen dat ek dogge. Allinnich op dy manier komme wy in stap tichterby in Gastfrij Fryslân foar élke ynkommensgroep.
De Leeuwarder Courant skreau ek oer de gearkomste:
Klik hjirûnder foar de presintaasje fan Gastfrij Fryslân foar Elke Ynkommensgroep: