17 maart

Weromblik op it Frysk Toerisme Festival

Op it Frysk Toerisme Festival, organisearre troch Merk Fryslân yn Stadsschouwburg De Harmonie, stie de takomst fan toerisme yn Fryslân sintraal. Mei in ynspirearjend programma fol sesjes, in netwurkmerk en boeiende sprekkers waard der folop neitocht oer hoe’t toerisme bydrage kin oan in duorsume en takomstbestendige regio.

Regeneratyf toerisme as nije standert

In fan de meast spraakmakende bydragen kaam fan Anna Pollock, in wrâldwide fisyonêr op it mêd fan toerisme. Neffens har is ferduorsuming net langer genôch; toerisme moat regeneratyf wurde. Dit betsjut net allinne minder negative ynfloed, mar ek aktyf bydrage oan de omjouwing en mienskip. Pollock ûnderstreke dat Fryslân in unike kâns hat om hjir in foarbyldregio yn te wêzen, troch de sterke mienskipssin en de tawijing om natuer en kultuer te beskermjen.

Ynspirearjende ynsjoggen en weardige petearen

Fanút de Toerisme Alliantie Friesland wiene wy oanwêzich om ynspiraasje op te dwaan en by te dragen oan de petearen oer de takomst fan toerisme yn ús provinsje. Us programmamaker Marjan wenne, tegearre mei ús Office- en Projectmanager Suzanne, ûnder oare de sesje by fan Geert-Jan Vaartjes, dy’t pleite foar it omarmen fan de wearden fan de nije Fryske keuken. In ûntwikkeling dy’t wy as TAF graach stypje. Ek brochten se in besite oan ús kollega’s fan Ynbusiness, dy’t ûndernimmers stypje by duorsumheidsfragen. It wie weardefol om safolle belutsen partijen te moetsjen en te praten, allegear mei itselde doel: Fryslân noch atraktyf te meitsjen foar besikers én ynwenners.

Ek stazjêres Sander en Lotte wiene op ‘en paad en besochten ferskate sesjes om harren kennis fan de Fryske gastfrijheidsektor noch fierder te ûntwikkeljen. Dit wiene ûnder oare Fries Geluk ûnder Druk troch Planbureau Fryslân, Routebureau Fryslân troch Marrekrite, Werkgroep Toegankelijkheid troch Gemeente Ljouwert en ferskate huiskamersesjes.

Tot slot wiene wy fansels oanwêzich by de ynspirearjende presintaasje fan Bart Zantman oer it projekt ‘Sliepe yn’e takomst’.

Tegearre bouwe oan de takomst

It Frysk Toerisme Festival brocht goed 415 gasten byinoar om ideeën en perspektiven út te wikseljen. Neffens deputearre Friso Douwstra draacht dit evenemint by oan de fierdere ûntwikkeling fan de gastfrijheidssektor yn Fryslân. It festival bood net allinne ynspiraasje, mar ek konkrete handvaten om tegearre fierder te wurkjen oan in takomstbestindich toerismebelied.

As TAF sjogge wy mei entûsjasme werom op dizze dei en nimme wy de ynsjoggen mei yn ús takomstige projekten. Tegearre mei ûndernimmers, beliedsmakkers en oare partners bliuwe wy wurkjen oan in sterke en duorsume toeristyske sektor yn Fryslân.

Foto: Troch Lydia Annema fia MerkFryslân