16 april

Weromsjoch sesje oer ‘AI yn ‘e horeca’

Op tiisdei 15 april organisearren Toerisme Alliantie Friesland, Koninklijke Horeca Nederland (KHN) en MKB CyberCampus in goed besochte en ynspirearjende byienkomst oer it tema AI yn ‘e horeca. Yn Hof van de Koning yn It Hearrenfean kamen sa’n tritich horeca-ûndernimmers byinoar om kennis te meitsjen mei de kânsen en tapassingen fan keunstmjittige yntelliginsje yn harren bedriuwsfiering.
De moarn bestie út trije koarte sesjes dêr’t teory, praktykfoarbylden en konkrete tools elkoar ôfwikselen. Al hie elk ûnderdiel syn eigen ynfalshoeke, út de reaksjes die bliken dat benammen de praktyske tapassingen fan AI by in soad ûndernimmers de measte ynbylding oprôpen.

De rol fan de digitale assistint

Mark Bender (Bonnie AI) iepene mei in krêftige presintaasje oer Bonnie, de AI-assistint foar telefoanysk en digitaal gastkontakt. Hy liet sjen hoe’t horeca-ûndernimmers mei help fan tûke automatisearring gjin reservearringen mear hoege te missen, tiid besparje kinne én de gasttefredenens ferheegje kinne. Syn boadskip wie dúdlik: AI kin no al konkrete problemen oplosse, as men lyts begjint en it tûk ynset.

Resinsjes analysearje mei AI

Frederik van der Meulen en Marit de Vries (NHL Stenden) namen de dielnimmers dêrnei mei yn ‘e wrâld fan reviewmanagement en liet sjen hoe’tst mei help fan AI weardefolle ynsichten út klantbeoardielingen helje kinst. Oan ‘e hân fan praktykfoarbylden waard dúdlik hoe’t sinanalyse, tema-ûntdekking en tiidtrends bydrage kinne oan better gastynsjoch en rjochte ferbetteraksjes.

Handige tools foar moarn

Ta beslút joech Wiebe Woudstra (Hacklab / MKB CyberCampus) in praktyske demonstraasje fan tagonklike AI-tools dy’t ûndernimmers hjoed de dei al ynsette kinne. Mei foarbylden út de praktyk liet er sjen hoe’t AI helpe kin by it skriuwen fan sosjalemediaberjochten, menukaarten, fakatuere-teksten en mear. Syn hân-op-aanpak liet sjen datst gjin tech-ekspert hoechst te wêzen om mei AI oan ‘e slach te gean.

De byienkomst smiet in soad ynsjoch op en befêstige dat der ûnder ûndernimmers grutte ynteresse is yn de ynset fan technology yn ‘e horeca. De wichtichste take-away fan de moarn? Wacht net ôf, mar begjin gewoan – ast der ienris mei oan ‘e slach giest, wurdt it fansels leuk én learsum.
Oft der in ferfolch komt op dizze sesje litte wy graach iepen – mar dat de nijsgjirrigens wekker makke is, stiet fêst.
Mear ynformaasje? Stjoer in mail nei info@taf.frl.