Op 29 septimber organisearre de Toerisme Alliânsje Fryslân tegearre mei Rabobank, Gemeente Tytsjerksteradiel, Merk Fryslân, Gastfrij Fryslân/NU en it Interreg Vla-projekt Waddenvisie in ynspirearjende byienkomst oer Takomstbestindich Undernimmen yn Fryslân.
De middei waard iepene troch Jos Klerx, dy’t ûnderstreke dat de gastfrijheidssektor foar it fertsjinstfermogen fan Nederlân én Fryslân ûnderwilens grutter is as de lânbousektor. In prikkeljende boadskip dy’t de driuw en relevânsje fan takomstbestindich ûndernimmen ûnderstreke. Oanslutend fersoarge Vivian Nijholt de Keynote en nûge sy de oanwêzigen út ta in goed petear. Har boadskip: ‘Harkje om te begripen’ kin in wichtige bydrage leverje oan gedrachsferoaring binnen organisaasjes en de sektor.
Dêrnei giene de dielnimmers útinoar yn seis ferskillende workshops, fersoarge troch Geert-Jan Vaartjes, Annemarijne van der Meulen, Hanneke Schmeink, Robin van Milligen, Jacqueline Hofstede en Vivian Nijholt. De workshops tsjinnen as foarpriuwkes fan ferskate workshops, trajekten en masterclasses dy’t dit neijier jûn wurde sille. Wolst mear witte oer dizze folgjende stappen? Klik hjir.
Nei ôfrin koene dielnimmers op de ynspiraasjemerk oanfoljende kennis ophelje oer de oare tema’s en harren al fêst ynskriuwe foar dizze ferfolchtrajekten. Der wie ek romte genôch om nije ferbiningen te lizzen en it netwurk binnen de sektor te fersterkjen.
Mei dizze byienkomst is in weardefolle basis lein foar fierdere stappen rjochting duorsum en takomstbestindich ûndernimmerskip yn de Fryske gastfrijheidssektor. Dit neijier folgje de earste trainingen en workshops, dêr’t ûndernimmers mei yntrinsike motivaasje tegearre mei oan de slach geane.



