Op moandei 19 maaie kamen ûndernimmers, beliedsmakkers en ûnderwiisprofessionals byinoar yn WILDLANDS Emmen. It evenemint waard organisearre troch Hospitality Drenthe yn gearwurking mei Gastvrij Fryslân, Horecavakpunt, Generation Hospitality, Toerisme Alliantie Friesland, Provinsje Grinslân, Provinsje Drinte, Noorderpoort, Firda en DCTerra. De byienkomst stie yn it teken fan gastfrij wurkjouwerskip yn in wrâld dy’t yn feroaring is.

Wouter Verkerk
It hert fan de horeca is minsklik kontakt
Gastfrijheidsekspert Wouter Verkerk iepene de middei mei in krêftich ferhaal oer de essinsje fan gastfrijheid. Neffens Wouter draait alles yn de horeca om dat iene, soms flechtige mar betsjuttingsfolle kontaktmomint tusken gast en meiwurker. Alles dêr omhinne – ynrjochting, technology, prosessen – is ûnderdiel fan de stipe. Wouter beklamme yn syn ferhaal de opkomst fan de “ferlangst nei belibjen”. Gasten wolle net allinnich ite, mar sykje nei ûnderfiningen dy’t har reitsje en dy’t se diele kinne. De mominten fan persoanlike oandacht, werkenning of ferrassing binne wat gasten ûnthâlde én wêrom’t se weromkomme. Syn ferhaal sette de toan foar in middei dêr’t de fraach sintraal stie: hoe jouwe wy yn de takomst betsjutting oan wurk, belibjen en ferbining yn de gastfrijheidssektor?
Ferdjippende wurksjops
Nei it ferhaal fan Wouter Verkerk folgen de dielnimmers ien fan fjouwer ynteraktive wurksjops, dêr’t ferskate tema’s yn oan bod kamen: AI yn de gastfrijheid, Kulturele fleksibiliteit, Hoe’t de sektor der yn 2040 útsjen sil, en Koarte keatens.
De wurksjop oer koarte keatens waard fersoarge troch Gezinus Winters, earder eigener fan it Grinzer horekakonsept Wadapartja en no aktyf by de Economic Board Groningen. Hy dielde syn ûnderfinings mei it opsetten fan in koarte fiedselkeatens binnen syn ûndernimming: lokaal ynkeapje by boeren, fiskers en produsinten, mei in menukaart fol ferhalen fan tichtby. Net allinnich duorsum, mar ek ûnderskiedend foar de gast. “Wêrom fan fier helje as it tichtby ek kin?”, sa stelde Gezinus. Hy liet sjen dat lokale gearwurking laat ta belibjen, besparring én maatskiplike mearwearde. Ek joech er it advys om te sjen watsto al lokaal op de kaart hast en foaral dat ferhaal te fertellen.
Fan bisteniten nei minskebord

Atlas Theater Emmen
Nei de wurksjops fersoarge chef-kok Erik Jager fan WILDLANDS en it ATLAS Theater in ynspirearjende presintaasje oer it benutten fan yngrediïnten dy’t tradisjoneel as bisteniten beskôge wurde, mar ek geskikt binne foar minsklike konsumpsje. Hy beklamme it belang fan duorsumens en it ferminderjen fan fiedselôffal troch kreatyf om te gean mei beskikbere grûnstoffen. Erik dielde syn ûnderfinings en ynsichten oer it brûken fan alternative yngrediïnten, lykas poddestuollen en hea, yn minsklik iten. Hy liet sjen hoe’t dizze yngrediïnten net allinnich fiedzaam binne, mar ek bydrage oan in duorsumer fiedselstelsel.
Lunch en rûnlieding troch WILDLANDS
Nei de ynspirearjende presintaasjes en wurksjops koene de dielnimmers genietsje fan in mienskiplike lunch, wêrby’t romte wie om ûnderfinings út te wikseljen en nije kontakten te lizzen. Oanslutend fûn in rûnlieding plak lâns de ferskate horekalokaasjes binnen WILDLANDS. Tidens dizze rûnlieding fan likernôch in oere krigen dielnimmers in unike blik efter de skermen fan dit bysûndere park. Se ûntdutsen hoe’t ferskate horekaformules byinoar komme en hokker rol gastfrijheid en duorsumens hjiryn spylje.

Rûnlieding lâns de horeca fan Wildlands