Op 25 febrewaris 2025 fûn de ynspiraasjesesje ‘Sliepe oan it Wad’ plak by Het Lage Noorden yn Marrum. Dizze gearkomste, organisearre troch Toerisme Alliantie Friesland, Circulair Friesland, RMT NOF en Keninklike Bouwend Nederland, brocht ûndernimmers, agrariërs en oerheden byinoar rûnom it tema duorsum toerisme.
De sintrale fraach: hoe kinne biobased bouwen en duorsum ûndernimmen bydrage oan rekreaasje-ûntwikkeling yn de Waadregio? Mei sa’n fiifentweintich dielnimmers waard neitocht oer kânsen en útdagingen. It doel wie om ta konkrete gearwurkingen en projekten te kommen.
Pitches fan ynspirearjende ûndernimmers
Nei in wolkomswurd troch TAF-foarsitter Gerard Kremer en dei-foarsitter Liesbeth Schievink joegen ferskate ûndernimmers in pitch oer harren duorsume inisjativen en fraachstikken.
- Eileen Blackmore fan ‘House of Design’
- Ruth ter Voort fan ‘Het Ziltepad’
- Folkert Botma fan ‘Botmas’
- Balling van Kuiken fan ‘Van Kuiken duurzame materialen’
- Jaqueline Visser fan ‘Recreatiepods’
- Vincent Beekman fan ‘Cabiner’
- Hieke Wouda fan ‘Farmhouse Prikkebosk’
Brainstormsesjes
Nei de pitches giene de dielnimmers yn groepen útinoar om ideeën en ynsjoggen te bepraten rûnom trije tema’s.
Ferbouwen en Grûnstoffen
Tidens de brainstormsesje oer ferbouwen en grûnstoffen waard dúdlik dat der al in soad bart op it mêid fan duorsumens en sirkulariteit, mar dat ûndernimmers en beliedsmakkers hjir faak net genôch fan op ‘e hichte binne. Der is ferlet fan bettere kommunikaasje en sichtberens fan rinnende inisjativen. Ek kaam nei foaren dat idealisme en realisme faak in spanningsfjild foarmje. Hoewol’t der in soad duorsume ambysjes binne, moatte ûndernimmers tagelyk soargje dat harren bedriuw rendabel bliuwt. Dielnimmers joegen oan dat de oerheid in aktive rol spylje kin yn it stimulearjen en fasilitearjen fan gearwurking op it mêid fan sirkulêre lânbou en toerisme. Dêrneist waard de fraach steld hoe’t ôffal as in weardefolle grûnstof ynset wurde kin, om ferspilling tsjin te gean en de ekologyske ynfloed fan bedriuwen te ferminderjen.
Bouw en Oernachting
Binnen it tema bouw en oernachting lei de fokus op regeljouwing, belibbing en kennisdieling. Der waard konstatearre dat regeljouwing en fergunningstrajekten faak as beheind belibbe wurde by ynnovative duorsume bouwprojekten. Tagelyk biedt kennisdieling oer de natuerlike omjouwing en it gebrûk fan lokale bouwmaterialen krekt in kâns om dizze regeljouwing better te ûnderbouwen en te fersterkjen. De groep konkludearre dat it dielen fan kennis en suksesfolle inisjativen bydrage kin oan mear bewustwurding en in gruttere akseptaasje fan sirkulêre bouw. Dêrneist waard bepraten hoe’t rekreaasjeferbliuwen op orizjinele lokaasjes pleatst wurde kinne, sûnder dat dit ten koste giet fan natuerbehâld en lânskipskwaliteit.
Aktiviteiten en Rûtes
Yn de brainstormsesje oer aktiviteiten en rûtes waard dúdlik dat ferbining in kaairol spilet. Dit jildt sawol foar de gearwurking tusken ûndernimmers yn de regio as foar it kontakt mei de doelgroep: de toerist. De dielnimmers konkludearren dat it ferhaal fan de regio better en faker ferteld wurde mei. De Waadregio hat in unike identiteit en skiednis, dy’t har ndernimmers yn de regio as foar it kontakt mei de doelgroep: de toerist. De dielnimmers konkludearren dat it ferhaal fan de regio better en faker ferteld wurde mei. De Waadregio hat in unike identiteit en skiednis, dy’t har \u00fnderskiedt fan oare dielen fan Fryslân. Troch middel fan inisjativen lykas festivals of eveneminten kin mear omtinken generearre wurde foar de regio. Dit soe net allinnich bydrage oan it lûken fan toeristen, mar ek oan de promoasje fan lokale ûndernimmers en duorsume inisjativen. Dêrneist waard it belang fan seizoensferlinging beklamme. Wêr’t de regio yn de simmer al in protte besikers lûkt, is it krekt bûten it heechseizoen in útdaging om toeristen oan te sprekken. De unike USP fan de Waadregio – rêst, romte en natuer – biedt hjir lykwols folop kânsen.
Konklúzje en ferfolch
De ynspiraasjesesje ‘Sliepe oan it Wad’ hat weardefolle ynsjoggen en ideeën opsmiten. De gearkomste befêste dat der folop kânsen lizze om de rekreaasje- en agraryske sektor te ferbinen mei duorsume bouw en toerisme. De Toerisme Alliantie Friesland siket dan ek aktyf nei partners dy’t bydrage wolle oan it fertellen fan dit ferhaal en it ûntwikkeljen fan konkrete ferfolchprojekten. Want de konklúzje fan alle dielnimmers wie dúdlik: wy moatte no echt ris tegearre wat dwaan!