Op tiisdei 13 maaie fûn yn Noardwâlde de ynspiraasjesesje ‘Stellingwarfs & Besikersbelibbing’ plak. In gearkomst fol ynspiraasje, kreativiteit en ferbining. Mooi daj’ d’r weren!

Roelof Theun Hoen tidens de ynspiraasjesesje.
De iepening fan ‘e jûn waard fersoarge troch Wethâlder Roelof Theun Hoen, dy’t it belang fan it Stellingwarfs ûnderstreke en de krêft fan eigenens yn in gebiet as de Stellingwerven. Tidens de sesje naam de Stellingwarver Schrieversronte ús mei yn de wrâld fan it Stellingwarfs en de wearde dy’t dizze erkende minderheidstaal tafoegje kin oan de belibbing fan gasten en besikers. Yn lytse groepen giene dielnimmers dêrnei mei-inoar yn petear oer de kânsen en mooglikheden binnen harren eigen organisaasjes en bedriuwen.
Ut de petearen kaam dúdlik nei foaren dat it Stellingwarfs in sterk gefoel fan identiteit en ferbûnens opropt. It sichtber en hearber meitsjen fan de taal draacht by oan sfear, karakter én it behâld fan it kultureel erfgoed. Der waarden in protte ideeën dield, fan placemats, stickers en streekspreuken oant streekgidsen en sels in eigen Stellingwarfs bier.
Ek waard der praat oer wat der nedich is om dermei oan de slach te gean. Mear bekendheid mei besteande inisjativen, tagonklike stipe en in mienskiplike oanpak waarden as wichtige betingsten neamd. De winsk foar in ‘Taalkit Stellingwarfs’ foar ûndernimmers, en in gearwurkjende kampanje mei lokale netwurken, ûnderstreket de enerzjy om dêrmei troch te gean.
De kommende tiid ferkenne wy tegearre mei de Stellingwarver Schrieversronte, Stiekm Trots en de gemeenten East- en Weststellingwerf hoe’t wy in ferfolch jaan kinne oan dizze weardefolle jûn.
Hast noch oanfoljende ideeën of suggestjes? Lit it ús foaral witte – se binne fan herten wolkom. Mear witte oer wat de Stellingwarver Schrieversronte foar dyn organisaasje betsjutte kin? Nim gerêst kontakt mei harren op fia info@stellingwarfs.nl.