Weromsjoch | Ynspiraasjesessy Meartaligens & Besikersbelibbing – Waadhoeke
De gemeente Waadhoeke is fjouwer talen ryk: it Frysk, Biltsk, Franekers en Nederlânsk foarmje mei-inoar in unyk taallânskip dat bydraacht oan de eigenheid fan de regio. Yn gearwurking mei de Gemeente Waadhoeke en de Toerisme Alliantie Friesland (TAF) waard it inisjatyf nommen foar in ynspiraasjesessy oer meartaligens en besikersbelibbing.
By dit inisjatyf hiene ek Visit Noardwest Fryslân, Goud fan Noardwest en de taalynstituten Afûk, Bildts Aigene en it Franekers Genoatskap harren by oansletten. It doel wie om ûndernimmers út de gastfrijheids- en kultuersektor te ynspirearjen mei foarbylden fan hoe’t taal op in tagonklike wize bydrage kin oan sfear, werkenning en gastfrijens foar besikers. Wy woenen graach mei-inoar yn petear oer ideeën, kânsen en praktyske tapassingen.
Hoewol’t de gearkomste úteinlik net trochgien is fanwege in beheind tal oanmeldings, sjogge wy werom op in weardefol trajekt mei belutsenens, entûsjasme en in dielde motivaasje.
De meartaligens fan Waadhoeke bliuwt in krêftich en werkenber ûnderdiel fan de regio – wurdearre troch sawol ynwenners as besikers. Der fynt op dit stuit gjin fierdere ferkenning plak, mar it idee libbet troch. Wa wit krijt it yn in oare foarm of op in better momint dochs noch in passend ferfolch.
Foar fragen of ynteresse yn dit ûnderwerp kinst kontakt opnimme fia [e-mailadres].