29 desimber

Workshop Gastfrij Frysk

Wat wolle wy?

Om de mearwearde fan de Fryske taal, kultuer en identiteit noch better yn te setten foar de merkposysje fan ûndernimmers yn Fryslân hawwe wy in workshop ûntwikkele: Gastfrij Frysk. Wy wolle graach mei jim sjen hoe’t wy dy workshop en de útgongspunten fan Gastfrij Frysk mei-inoar oan ‘e man bring kinne en sa in sterkere klantrelaasje en bettere klantbelibbing te realisearjen.

Gastfrij Frysk

Utgongspunt: Us deistich libben is in oar syn aventoer.

Fryslân is in rike regio, mei in sterke identiteit en in prachtich ferhaal. Allinne is dy identiteit en dat ferhaal rûnom net gelyk. Der is in grut ferskaat oan lanskippen, regionale produkten, taalferskaat en in ryk kultureel libben, in soad bedriuwichheid, ynnovaasje, arsjitektuer en gean mar troch. Troch as ûndernimmer dyn eigen identiteit en ferhaal te laden draachst by oan it ferhaal fan Fryslân. It sit him benammen yn de lytse dingen, de details.

It Gastfrij Frysk-programma giet út fan de ûndernimmer, syn bedriuw en syn eigen omjouwing. In oanpak fanút de basis. De ûndernimmer wurdt dêrby útnoege om himsels, syn eigen saak en syn omjouwing te ûndersykjen. Wat binne de saken dy’t der útspringe? Wat is bysûnder en kin bydrage oan it eigen karakter fan de saak? Wat binne de kearnwearden? Dat alles mei-inoar jout it bedriuw in eigen identiteit en dy identiteit is dêrmei wer in ûnderdiel fan de identiteit fan de regio, streek en provinsje.

De workshop is kosteloos en duurt ongeveer 2,5 tot 3 uur. De locatie is nader te bepalen. Interesse? Neem contact op met Mirjam Vellinga (mirjam.vellinga@afuk.frl) van de Afûk.