Juster wie in bysûndere dei! Kening Willem-Alexander wie yn Ljouwert by de Fryske Akademy om te praten oer ús prachtige Fryske taal en kultuer.
Dêrom is it no ek tiid foar ús om de Fryske taal mear sichtber te meitsjen. Fan hjoed ôf is ús webside ek yn it Frysk te lêzen!
Earder dit jier, yn july 2024, hawwe wy de Fryske taal al mear yn it sintrum set troch Fryske sprekwurden te pleatsen by de Fryske Rustpunten, foar bewenners en besikers fan ús provinsje. Foar mear ynformaasje, klik hjir.
En no dus ek foar de besikers fan ús webside!
Mei tank oan de studinten fan NHL Stenden Hogeschool fan minor Frysk en Afûk.
Soest ek oerskeakelje wolle nei it Frysk, mar witst net hoe? Besjoch dan ús handige tips en taaltools hjir.