09 july

Ynspiraasjesessy Retail Grou

Gearwurkje en kennis diele; de nije Fryske retailoanpak?

Mei in ynspirearjende gearkomste oer en foar de Fryske retail op 4 july ll. wiene de kaaiwurden: ‘kennis diele en gearwurkje’. Sa’n fyftich ûndernimmers, sintrummanagers, bestjoerders en beliedsmakkers kamen yn Grou by elkoar om mei elkoar fan gedachten te wikseljen oer ‘takomstbestindige en fitale kearnen’.

Yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân, Ynbusiness en Netwerk Centrummanagement Fryslân organisearre de Toerisme Alliantie Friesland in ynspiraasjesesje yn Grou.

Belutsen stakeholders waarden troch Ivo Krikke – foarsitter doarpskoöperaasje Grou – ynformearre oer de oanpak yn Grou, wêrby’t ferbining en gearwurking laat hawwe ta in mienskiplike fyzje. Underdiel fan dizze fyzje binne ûnder oaren plannen foar in MFC en wenningbou, dy’t der op rjochte binne om de ûntwikkeling fan dizze plannen de kommende jierren út te rôljen.

Yn it twadde diel fan it program waard der mei elkoar fan gedachten wiksele oer wat nedich is om fitale kearnen foar Fryslân te krijen en te behâlden. Fan it fasilitearjen fan lokale gearwurkingen troch gemeente/provinsje is dúdlik ferlet. ‘Fergriene en belibbing’ binne ambysjes dy’t einlik jilde foar alle kearnen. Fan grut belang is dat in fitale kearn in yntegrale fyzje en oanpak hat, wêrby’t toerisme, kultuer, hoareka en retail it gearfoege oanbod foarmje.

Op 3 oktober 2024 wurdt mei it Sympoasium Keapstreamûndersyk Fryslân 2024 in ferfolch jûn oan dizze ynspiraasjebyienkomste.