Strategysk Platfoarm IPF

Ut it Hûs foar de Gastfrijens wei is der fia de kertiermakker (Marjan Soepboer) op regelmjittige basis kontakt mei de fertsjintwurdigers fan de sektor yn it Strategysk Platfoarm IPF, wêrmei’t agindearring út de sektor wei fan en nei it platfoarm boarge is.

Foarming motorblok Hûs foar de Gastfrijens

Yn de moanlikse oerlizzen wurdt troch de partijen fierder neitocht hoe’t der foarm en ynhâld jûn wurde kin oan de trije provinsjale ambysjes. Fierdersoan wurde ‘deistige aktuele fraachstikken’ mei elkoar bepraat. Dit neijier wurdt der troch it Hûs foar de Gastfrijens ynset op de folgjende opjeften:

  • Fryslân tagonklik foar elkenien, ek lege ynkommens;
  • Ynternasjonaal toerismekongres duorsum toerisme;
  • Duorsum te belibjen, oantreklik en tagonklik lânskip (û.o. fia PCLG);
  • Fitaal ûndernimmerskip.

Utfiering provinsjale ambysjes

It Hûs foar de Gastfrijens brûkt it neijier 2024 om it útfieringsplan te skriuwen foar de trije provinsjale ambysjes, rekken hâldend mei de útgongspunten/útdagings. Yn dit útfieringsplan wurde rollen/ferantwurdlikheden fan de fjouwer organisaasjes keppele en wurde boppedat de ferbinings beskreaun fan en mei – foar safier mooglik – alle oare stakeholders yn de Fryske gastfrijenssektor. Idee is om in trochkyk te beskriuwen fan de ûntwikkeling fan it Hûs foar de Gastfrijens 2025-2027

Dit inisjatyf is in gearwurking tusken Innovatiepact FrieslandMerk FryslânRecreatieschap MarrekritePlanbureau Fryslân