Yn gearwurking mei bedriuwen en organisaasjes, stimulearret de opjefte ‘Deirekreative Netwurken’ graach de mooglikheid om aktiviteiten en útstapkes online boekber te meitsjen. Sa hat in gast fuortendaliks ynsjoch yn beskikberens en prizen. Online boekberens is in essinsjele skeakel yn it fasilitearjen fan de saneamde ‘klantereis’.

Neist it toeristysk belang hat online tickets ferkeapje ek foar ûndernimmers in soad foardielen:

  • Mear direkte boekingen
  • Minder wurk oan de telefoan of mail. Foar de ûndernimmers, mar ek foar de besikers.
  • Kapasiteit better benutte troch (eventuele) tiidslotten en kapasiteitsbehear.
  • It fergruttet online sicht – en fynberens fia û.o. google.
  • Effisjintere organisaasje (bgl. minder telefoan en yn it foar ynsjoch yn hoe drok oft it wurdt op bepaalde mominten dat ynset personiel ôfstimd wurde kin).
  • Mear omset helje út besikers (ferkeapje fan audioguide, catering, in boek, etc.).
  • It fergrutsjen fan de gastfrijheid omdat it oanbod oersichtlik is. Der is daliks ynsjoch yn beskikberens en prizen.
  • Mear kâns op besikers trochdat der makliker fia tredden boekt wurde kin (sjoch hjirûnder).
  • Better sichtber foar ynternasjonale besikers (trochdat meardere talen en betelmetoaden oanbean wurde).
  • Bettere ynsjoch yn data dy ‘t brûkt wurde kin om de ûndernimming better te meitsjen / better oan te sluten by winsken fan de doelgroep.

Wat mear ûndernimmers online boekber wurde, wat better it oanbod yn Fryslân digitaal ûntsletten wurdt. Trochdat der in soad ferskillende boekingssystemen binne, binne wy oan it sjen nei keppelings. Sa kinne wy wurkje oan it saneamde ‘Frysk ekosysteem’. Kombinaasjes of dei-arranzjeminten kinne dan as ien produkt direkt ferkocht wurde, hokker ekstern systeem de ûndernimmer by sit. In soad systemen binne nei alle gedachten te koppelje, foar webshops jildt dit net.

It ‘Frysk ekosysteem’ bestiet út mear as online boekberens. Tink ek oan it sammeljen fan reviews, jo eigen webside op oarder, gebrûk fan google en social media, etc. Al dizze ynspanningen en gearwurkingen ferheegje de gastfrijheid yn Fryslân.

Besjoch it dokumint Online Boekberens Aktiviteiten Fryslân foar mear ynformaasje oer hoe ‘t jo as ûndernimmer online tickets ferkeapje kinne, hokker oare partijen oansletten binne foar eventuele gearwurkingen en hokker systemen hjirfoar brûkt wurde kinne!