Stimulearje en Aktivearje

De Toerisme Alliantie Friesland (TAF)stimulearret de Fryske gastfrijheidssektor en foarsjocht him fan ideeën en inisjativen oer wichtige tema’s lykas gastfrijheid, bedriuwsfiering, skoalling, profesjonalisearring, ynnovaasje en marketing.

De TAF operearret as tinktank en bestiet út fertsjintwurdigers út it Fryske bedriuwslibben, it ûnderwiisfjild, de brânsorganisaasjes, mar ek de marketingsorganisaasjes en it rekreaasjeskip Marrekrite.

It platfoarm makket enerzjy los, ûnderhâldt kontakt mei de provinsje, draacht by oan de beliedsfoarming en de útfiering fan de provinsjale ikoanprojekten en de sân opjeften út Beliedsnota Gastfrij Fryslân 2028.

Wichtige doelen fan de TAF binne:

  1. It ferheegjen fan de omset yn de Fryske gastfrijheidssektor;
  2. Bydrage oan profesjonalisearring, ynnovaasje en kwaliteitsferbettering yn de sektor;
  3. Stimulearjen fan banegroei en ôfstimming tusken bedriuwslibben – ûnderwiis – oerheid;
  4. Fryslân heger yn de top 10 fan bestimmingen yn Nederlân helpe;
  5. Fergrutsjen fan bekendheid en wurdearring fan Fryslân as toeristyske topbestimming.

Ynformaasje oer de brâns

As TAF hâlde we jo graach op de hichte fan ynformaasje dy’t wichtich is foar jo bedriuwsfiering en de Fryske gastfrijheidssektor yn it algemien. Tink hjirby oan relevante beliedstikken, fisydokuminten, trendanalyzes en ûndersyksrapporten.

Jo fine hjir (yn te laden) dokuminten, dêr’t jo jo foardiel mei dwaan kinne. We beheine ús ta ynformaasje oanbelangjend de provinsje en de brâns. Foar lanlike stikken ferwize we graach nei de brânsorganisaasjes dy’t belutsen binne by oerheden en it NBTC.

Taljochting Logo

Wy binne grutsk op it ûntwerp fan it logo fan de TAF. It tinkbyld efter it logo, de foarm en de kleuren, lêze jo troch op de ûndersteande knop te klikken.

Taljochting logo

 

Bestjoer TAF

Foto van Herman Schreuder

Herman Schreuder

Voorzitter

Bij de TAF brengen we overheid, onderwijs en ondernemers samen om met één blik vooruit te kijken. Als onafhankelijke denktank hebben we de kans om vernieuwing te versnellen. Ik zie het als persoonlijke missie om vanuit verbinding en nieuwsgierigheid mee te bouwen aan een Friesland dat met visie groeit, met lef innoveert en met trots zijn eigen verhaal blijft vertellen.

Foto van Natasja Kesteloo
Foto van Marjan Soepboer

Marjan Soepboer

Programmanager Vitale Regionale Economie (Economic Board Fryslân)

De passie en beleving waar de gastvrijheidssector voor staat, voel je ook terug in de TAF; ondernemers, onderwijs en overheid, allemaal erg bevlogen om het innovatieve vermogen van deze sector samen te versterken.

 

Besjoch dielnimmers