Op de webside fan Praat mar Frysk kinst allerhande tips fine oer hoe’t je it Frysk sichtber meitsje kinne yn de wurkomjouwing en hokker produkten je (faak fergees!) brûke kinne. Op de side steane boppedat in soad foarbylden fan oare bedriuwen dy’t it Frysk al ynsette en hjir graach mear oer fertelle. Foar workshops, subsydzjeregelingen, in breinstoarmsesje en sels in Fryske stim foar jo reklamespotsje binne jo by Praat mar Frysk oan it goede adres!

Fia de webside fan Praat mar Frysk kinne je kontakt opnimme, sadat sy jimme helpe kinne om it Frysk mear sichtber te meitsjen yn jo bedriuw.