Projekt Frysk

It Projekt Frysk is ûntstien as in inisjatyf út de Takomst TAF wei. By ien fan de gearkomsten waard it belang fan de Fryske taal yn de gastfrijheidssektor beklamme. Spitigernôch wurdt der op it stuit noch net in soad omtinken oan bestege binnen dy sektor. As reaksje dêrop hat de Takomst TAF studinten fan de oplieding toerisme frege om ûndersyk te dwaan om te efterheljen watfoar ferlet der is en hoe’t it brûken fan it Frysk yn de sektor fergrutte wurde kin. Hoewol’t der al in soad tools beskikber binne op dit mêd, docht út it ûndersyk bliken dat der noch in soad potinsjeel is om dit folslein brûke te kinnen. Undernimmers stean iepen foar it idee, mar faak is ûnwittendheid in obstakel.

Mei de resultaten fan dit ûndersyk binne de studinten fan de minor Frysk oan ‘e gong gien om tools te ûntwikkeljen dy’t de fynberens ferbetterje. Dat giet net allinnich om it bewust wurden, mar ek om praktyske stappen om it brûken fan it Frysk te stimulearjen en te yntegrearjen yn ferskate aspekten fan de tsjinstferliening. Wy binne fan miening dat it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk net allinnich bydraacht oan it behâld fan kultureel erfguod, mar it soarget ek foar in ferriking fan de totale ûnderfining foar sawol lokale bewenners as besikers. De sân studinten hawwe moaie prototypen opsmiten en we sille fierder sjen hoe’t we dy ûntwikkelje kinne.

Dit projekt is in gearwurking tusken NHL Stenden, Provinsje Fryslân, Merk Fryslân, Afûk, Toerisme Collectief Friesland en de Toerisme Alliantie Friesland.