Foto: Marcel van Kammen

Provinsje mei Potisnje

Fryslân wol yn 2028 ta de top 10 fan bestimmingen yn Nederlân hearre foar binnen – en bûtenlânsk toerisme. It potinsjeel is der, sa die al bliken yn LF2018. It grutte ferskaat oan lânskippen, kultuerdragers en de rêst en romte slute boppedat perfekt oan by it soart toerist dat de provinsje graach ferwolkomje wol: leafhawwers fan natuer, kultuer, besinning en ûntdekking. Dyselde toerist giet lykwols ek foar belibbing, profesjonaliteit, gastfrijheid, komfort en aventoer.

Gastvrij Fryslân

TAF tilt toerisme nei heger nivo ta

Op it lêste terrein is der noch it nedige te winnen yn Fryslân. Dêrom dat de provinsje de kommende jierren ek ynvestearret yn kwaliteit fan ûnder mear sliepplakken, gastfrijheid, wettersportsintra, deirekreative rûtes en de promoasje en it brûken fan toeristyske data.

Om de Fryske gastfrijheidssektor nei in heger nivo ta te tillen en de provinsje oantrekliker te meitsjen, ek foar ynwenners, wurdt der ek in grut tal projekten realisearre dêr’t de TAF as netwurk, tinktank, regisseur en/of kennispartner by belutsen is.

Toerisme in Fryslân

Fan útwaaien oan de waadkust oant in kuier troch de Rysterbosk, yn it Noarden fan Fryslân it waadgebiet dêr’t in soad toeristen genietsje fan waadrinne, mar ek de gelegenheid foar wettersporters om harren folslein út te libjen. It Fryske lân bestiet foar sa’n 15% út wetter en dat hat sa syn foardielen foar it toerisme yn Fryslân.

Genietsje fan it toerisme yn Fryslân

It toerisme yn Fryslân kin op allerhande wizen stimulearre wurde. Untdek de prachtige natuer fan Fryslân, mar ûnderfyn ek de gastfrijheid yn de foarm fan hoareka, rekreaasje en akkommodaasjes. In fakânsje yn Fryslân wurdt maklik folle mei ferskate aktiviteiten en nijsgjirrichheden.

Al mei al hat Fryslân genôch te bieden as it giet om toerisme. In projekt as Visit Friesland Tourist Desk stimulearret dat toerisme yn Fryslân troch besikers de mooglikheid te jaan om fragen te stellen oer harren ferbliuw en wat der te dwaan is.

Gastfrijheid

Gastfrijheid is in wichtich aspekt om toerisme mei te stimulearjen. De belibbing fan gastfrijheid foeget wearde ta oan it toerisme yn Fryslân. Geesje Duursma en Erwin Losekoot ûntwikkelen in gastfrijheidswizer‘ as helpmiddel foar museummeiwurkers en -frijwilligers. De handige tips en tricks biede hânfetten om oan ‘e gong te kinnen mei gastfrijheid.

De ferskate projekten soargje foar it stimulearjen en aktivearjen fan it toerisme yn Fryslân. Wichtige tema’s lykas gastfrijheid, bedriuwsfiering, oplieding, ynnovaasje en promoasje komme dêryn nei foaren.

Yn Ynnovative Sektor

De passy en belibbing yn de gastfrijheidssektor fiele jo werom yn de TAF. Mei-inoar kinne wy derfoar soargje dat it toerisme yn Fryslân en de gastfrijheidsekonomy útboud wurde ta in sterke, ynnovative en fleksibele sektor.

De TAF foarsjocht de Fryske gastfrijheidssektor fan nije ideeën en inisjativen. Op dy wize foarmet de TAF in tinktank foar toerisme yn Fryslân. Hawwe jo in idee of om projektplan dêr’t jo de sektor fierder mei helpe kinne? Wifkje net om kontakt mei ús op te nimmen. Sa kinne wy mei-inoar in soad mear berikke.

Projecten