Om de Fryske gastfrijenssektor nei in heger nivo te tillen en de provinsje oantrekliker te meitsjen, ek foar ynwenners, wurde der in grut tal projekten realisearre dêr’t de TAF as netwurk, tinktank, regisseur en/of kennispartner by belutsen is.
Dizze ferskillende projekten soargje foar it stimulearjen en aktivearjen fan it toerisme yn Fryslân. Wichtige tema’s lykas gastfrijens, bedriuwsfiering, skoalling, ynnovaasje en marketing komme hjirby op it aljemint.
De TAF foarsjocht de Fryske gastfrijenssektor fan nije ideeën en inisjativen. Op dy wize foarmet de TAF in tinktank foar toerisme yn Fryslân.
Op dizze side fine jo in oersjoch fan de ôfrûne projekten.