Aksjeplan Gastfrij Fryslân 2024 – 2026

Lansearring Aksjeplan Gastfrij Fryslân 2024 -2026!

Mei grutskens presintearje wy it nije Aksjeplan Gastfrij Fryslân 2024 -2026, dat fuortkomt út in mienskiplike ynset om de Fryske gastfrijheidssektor fierder te fersterkjen.

Dit plan, oanjage troch Siepie de Groot en ta stân kaam nei yntinsive gearwurking tusken oerheid, ûndernimmers en ûnderwiis, bout fierder op eardere suksessen en set in dúdlike koers út foar de kommende jierren.

Wichtichste spearpunten:

  • Ferdjipping fan it RIF-programma Gastvrij Fryslân
  • Oanlûken fan nije doelgroepen en benutten fan syd-ynstream
  • Gearwurking mei WRK.fr l / en optimaal gebrûk fan AI en digitalisearring
  • Ynvestearje yn de posisjonearring fan de sektor om dy oantrekliker te meitsjen foar wurkjenden en learjenden

Dit aksjeplan is in mienskiplike ynspanning om de arbeidsmerk fan de Fryske gastfrijheidssektor takomstbestindich te meitsjen en de regio profitearje te litten fan in bloeiende gastfrijheidsekonomy.

Untdek alle details en hoe’t wy mei-inoar bydrage oan in sterker, duorsumer en gastfrij Fryslân yn ûndersteand dokumint.

Aksjeplan Gastfrij Fryslân 2024 – 2026

Mei tank oan de belutsen partners: Koninklijke Horeca Nederland – KHN, Furda, Toerisme Alliantie Friesland, Provinsje Fryslân, NHL Stenden Hogeschool, RIF Gastvrij Fryslân, Samenwerkingsorganisatie Beroepsonderwijs Bedrijfsleven (SBB), Fryslân Werkt.