Duorsumens wurdt hieltyd wichtiger yn de gastfrijheidssektor. In groeiend oantal bedriuwen wol stappen sette op it mêd fan miljeubewuste bedriuwsfiering, mar wit net altyd wêr’t se begjinne moatte. It Green Key-begeleidingstrajekt helpt ûndernimmers yn de Fryske gastfrijheidssektor om konkrete stappen te nimmen nei in duorsume bedriuwsfiering en sertifikaasje.
Wat is Green Key?
Green Key is it ynternasjonaal erkende keurmerk foar duorsume bedriuwen yn de rekreaasje- en frije tiidsektor. Dit sertifikaat helpt bedriuwen om op in strukturearre wize mear duorsum te wurkjen en biedt foardielen op it mêd fan imago, kostenbesparring en merkposysje.
Tema’s dêr’t oan wurke wurdt:
✅ Enerzjy- en wetterbesparring
✅ Fermindering fan ôffal en plasticgebrûk
✅ Duorsume ynkeapen en keatlingferantwurdlikens
✅ Bewustwurding en belutsenens fan meiwurkers en gasten
Dit trajekt helpt dielnimmers troch it sertifisearringsproses hinne en biedt praktyske ynstruksjes foar it yntegrearjen fan duorsumens yn de bedriuwsfiering.
__________________________________________________________________________________________________________________________
Weromsjen: Earste gearkomste (18 desimber 2024)
Op 18 desimber 2024 fûn de earste gearkomste fan it Green Key-begeleidingstrajekt plak yn De Kanselarij. Yn dizze sesje makken dielnimmers kennis mei-inoar en mei de ynhâld fan it trajekt. Eksperts Robin van Milligen en Marco Ouwerkerk (Green Leisure Group) dielden ynsjoggen oer it belang fan duorsum ûndernimmen en de earste stappen nei Green Key-sertifikaasje.
Wat waard besprutsen?
🟢 Yntroduksje & Kennismeitsje
Dielnimmers dielden harren motivaasje foar dielname oan it trajekt en fertelden oer duorsume inisjativen binnen harren bedriuw. Fan sirklulêre wynflessen oant plasticfrije fersoargingsmiddels – ynspirearjende foarbylden kamen foarby.
🟢 Duorsumer ûndernimme: belang en needsaak
Klimaatferoaring en it ferlies fan biodiversiteit binne grutte útdagings foar de sektor. Dielnimmers learden oer praktyske maatregels lykas wetterbehear (lykas wadi’s), duorsume enerzjy en duorsume ynkeapen.
🟢 Green Key: Wat, wêrom en hoe?
It Green Key-keurmerk waard útljochte, ynklusyf de 12 duorsumens tema’s en de sertifikaasjenivo’s (brûns, sulver, goud). Ek waard besprutsen hoe’t ûndernimmers har oanmelde kinne en hokker stappen nedich binne om sertifisearre te wurden.
🟢 Earste stappen: Team & Aksjeplan
In wichtich ûnderdiel fan Green Key is it opstellen fan in MVO-aksjeplan en it oanstellen fan in koördinator binnen de organisaasje. Dit helpt om duorsumensdoelen fêst te lizzen en mei it team te realisearjen.
Folgjende stappen
Dielnimmers sille no sels oan de slach mei de Green Key-omjouwing en de Doe-het-zelf-keuring. Yn de folgjende gearkomste wurde ûnderfiningen dield en fierdere stappen besprutsen.
📅 Folgjende gearkomste: 21 jannewaris 2025 (hybride)
📌 Ûnderwerp: Ferdjipping yn de 12 tema’s
Mei dizze earste gearkomste is in weardefolle basis lein foar it fierdere trajekt. Wy sjogge út nei de kommende sesjes wêr’t ûndernimmers fierder bouwe oan in duorsume takomst foar de Fryske gastfrijheidssektor!
Feroarings sjen (iepenet yn in nij ljepblêd)
Weromsjen: Twadde byienkomst (21 jannewaris 2025) – Tegearre ferduorsumje mei konkrete stappen
Op tiisdei 21 jannewaris 2025 kamen ûndernimmers wer byinoar foar de twadde sesje fan it Green Key begeliedingstrajekt. Dizze hybride byienkomst joech in ferdjipjende blik op twa essinsjele tema’s: it fêstlizzen fan duorsumensmaatregels en it ferduorsumjen fan it enerzjyferbrûk.
Fêstlizzen fan duorsumensmaatregels
De sesje begûn mei in yntroduksje fan it Plan-Do-Check-Act-model, in weardefol helpmiddel om duorsumensdoelen te strukturearjen en mjitber te meitsjen. Dit model helpt ûndernimmers by:
✅ It fêstlizzen fan doelen yn in MVO-aktivelist.
✅ It fergrutsjen fan belutsenens troch it opsetten fan Green Teams.
✅ It kontrolearjen fan de foarútgong en it bystjoeren fan plannen wêr’t nedich is.
Dielnimmers dielden ynspirearjende foarbylden oer hoe’t sy duorsumens yn har bedriuw ferankerje, fan de ynkeap fan sirkulêre produkten oant it belûken fan meiwurkers en gasten by duorsumensdoelen.
Enerzjytransysje
De twadde byienkomst rjochte him ek op it tema enerzjytransysje. Dielnimmers krigen ynsjoch yn:
✅ Praktyske stappen lykas it ynstallearjen fan LED-ferljochting en bewegingssensors.
✅ It oerstappen nei duorsume enerzjyboarnen lykas sinnepanielen en waarmtepompen.
✅ It opstellen fan in enerzjyplan dat bydraacht oan sawol kostenbesparring as ferduorsuming.
Enerzjy besparje is net allinnich goed foar it miljeu, mar ek in yntelliginte strategy om winst te optimalisearjen. Undernimmers seagen hoe’t lytse ynvestearringen yn enerzjy-effisjinsje op lange termyn grutte finansjele foardielen opsmite kinne.
Enerzjy-ynformaasjeplicht en besparringsplicht (EML)
Neist de enerzjytransysje waard ek omtinken jûn oan de wetlike ferplichtingen oangeande enerzjyferbrûk. Dizze ferplichtingen, ûntstien út it Klimaatakkoart, omfetsje ûnder oare:
✅ It melden fan enerzjyferbrûk neffens de Enerzjy-ynformaasjeplicht.
✅ It trochfiere fan ferplichte enerzjybesparjende maatregels dy’t binnen fiif jier weromfertsjinne wurde kinne.
De sesje joech ûndernimmers praktyske tools om oan dizze easken te foldwaan en tagelyk it enerzjyferbrûk te ferminderjen.
Fierdere stappen
De dielnimmers geane no selsstannich oan ’e slach mei:
✅ In check op de noarmen foar management en enerzjy.
✅ It opstellen fan doelen foar de enerzjytransysje, ôfstimd op it eigen bedriuw.
📅 Folgjende byienkomst: 18 febrewaris 2025 (hybride)
📌 Ûnderwerp: Sirkulariteit en ynkeap
Mei dizze twadde sesje hawwe de dielnimmers net allinnich mear kennis opdien, mar ek konkrete stappen formulearre om kosten te besparjen, prosessen te ferduorsumjen en in bydrage te leverjen oan in grienere wrâld. Wer in moaie stap rjochting in duorsumer en takomstbestindige Fryske gastfrijheidssektor. Op nei de tredde sesje!
__________________________________________________________________________________________________________________________
Weromsjen: Tredde byienkomst (18 febrewaris 2025) – Sirkulariteit en duorsume ynkeap
Op 18 febrewaris 2025 fûn de tredde sesje fan it Green Key begeliedingstrajekt plak. Diskear stie it tema sirkulariteit sintraal: hoe kinne ûndernimmers ôffal ferminderje, grûnstoffen werbrûke en duorsumer ynkeapje? De byienkomst joech ynsjoch yn de sirkulêre ekonomy, ôffalbehear en praktyske stappen om de ynfloed fan bedriuwen te ferlytse.
Wat kaam oan bod?
🟢 Sirkulariteit: Wat en wêrom?
Wy libje foar it grutste part yn in lineêre ekonomy, dêr’t grûnstoffen brûkt en dêrnei fuortsmiten wurde. Yn in sirkulêre ekonomy bliuwe materialen yn de keten, wat it gebrûk fan grûnstoffen en CO₂-útstjit ferminderet. De Ljedder fan Lansink (ôffalhiërargy) helpt by it rangskikken fan metoaden om ferspilling te beheinen.
🟢 Previnsje en regeljouwing
- De SUP-wetjouwing (Single Use Plastics) stelt hieltyd strangere easken oan it brûken fan wegwerpplastyk. Sûnt 1 jannewaris 2024 binne plastykbefoattende wegwerpbekers en -bakjes ferbean op lokaasje. Fan 2030 ôf jildt ek in ferbod op plastyk sauszakjes en miniferpakkingen.
- Previnsje biedt foardielen lykas leger ynkeap- en ôffalkosten, in duorsume útstrieling en neilibjen fan de wetjouwing.
🟢 Duorsume inisjativen & praktykfoarbylden
De dielnimmers ferkendene ynnovative oplossingen lykas:
✅ WeCup & Vytal – statiegeldsystemen foar werbrûkbere bekers en ferpakkingen.
✅ Dik & Schil – koffielikeur makke fan opnij brûkt koffiedik.
✅ Gro Together – oesterwoartels kweekt op koffiedik as sirkulêr produkt.
✅ Circle of Food – it omsetten fan organyske reststreamen yn nije itensprodukten.
🟢 Ôffalskieding en ynkeap
- Foar Green Key-sertifikaasje is skieden ôffalynsammeling ferplichte. Undernimmers waarden oanmoedige om ôffalbehear te ferbetterjen en kontrakten mei leveransiers te beoardieljen.
- By duorsume ynkeap is it wichtich om bewust te kiezen:
- Hokker produkten binne écht nedich?
- Kinne produkten werbrûkt of foarkaam wurde?
- Wat bart der mei produkten nei gebrûk?
Fierdere stappen
De dielnimmers geane oan de slach mei:
✅ In ynventarisaasje fan har ynkeapproses en produkten.
✅ It formulearjen fan doelstellings op it mêd fan sirkulariteit.
📅 Folgjende byienkomst: 19 maart 2025
Mei dizze tredde sesje hawwe ûndernimmers konkrete tools krigen om sirkulêr te ûndernimmen en bewuster yn te keapjen. Tegearre sette wy stappen nei in duorsumer Fryske gastfrijheidssektor!
Fragen oer it trajekt? Nim gerêst kontakt op fia e-mail op info@taf.frl of telefoanysk op 0625288843.